WEROMBLIK: dit wiene eardere winners fan de Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de priis om it jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. De priis waard oant 2001 om de trije jier útrikt. Sneon giet de priis nei Eeltsje Hettinga. Foar Weromblik dûkten wy yn it Omrop-argyf syn foargongers op.
2019 - Aggie van der Meer
Aggie van der Meer krige de priis foar har folsleine oeuvre, dat neffens de kommisje unyk yn syn soarte is. Sy is de fjirde bekroande froulike skriuwer sûnt it bestean fan de Gysbert Japicxpriis.
2017 - Eppie Dam
Eppie Dam is njonken dichter ek skriuwer, oersetter en poëzyresinsint. Hy wie earder learaar yn it basisûnderwiis. Yn 2017 krige er de priis foar de dichtbondel Fallend ljocht.
2015 - Koos Tiemersma
Koos Tiemersma krige de Gysbert Japicxpriis foar syn boek Einum. Neffens de sjuery hat Tiemersma mei syn boek de plattelânsroman op 'e nij útfûn.
Besjoch telefyzjefragminten oer de Gysbert Japicxpriis fan 2015, 2017 en 2019:
Harkje yn de podcast De Boekekast nei in fragmint út 'De achttjin', de roman dêr't Aggie van der Meer mei nominearre wie foar de Gysbert Japicxpriis fan 2019.
2013 - Jacobus Q Smink
Dichter Jacobus Q. Smink út Eindhoven krige yn 2013 de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel Sondelfal. De sjuery keas foar Sondelfal om de taal, de tematyk en de ienheid fan it wurk.
2011 - Durk van der Ploeg
Skriuwer Durk van der Ploeg krige yn 2011 de Gysbert Japicxpriis foar syn folsleine wurk. It prizejild waard dat jier ferdûbele nei 10.000 euro.
2009 - Anne Feddema
De Gysbert Japicxpriis 2009 foar Fryske poëzy gie nei Anne Feddema foar syn bondel Reidhintsje op 'e Styx. Feddema nimt neffens de poëzykommisje in unyk plak yn de Fryske literatuer yn. Hy hat in grutte ferbyldingskrêft en skilderet mei wurden.
Telefyzjefragminten oer de Gysbert Japicxpriis fan 2009, 2011 en 2013:
2007 - Josse de Haan
De 66-jierrige Fryske skriuwer-om-utens Josse de Haan krige yn 2007 de priis foar syn folsleine wurk, om syn fernijende wize fan skriuwen. Hy waard benammen bekend mei de roman Piksjitten op snyp. De Haan wenne yn Frânsk Baskelân.
De utrikking yn 2007, oer skriuwer Josse de Haan, opnommen yn syn berteplak Peins en yn Frânsk Baskelân:
2005 - Abe de Vries
Dichter-sjoernalist Abe de Vries fan Zaanstêd (foarhinne Winaam) krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel In waarm wek altyd.
De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2005 oan Abe de Vries:
2003 - Willem Tjerkstra
Yn it Gysbert Japicxjier, it is dan 400 jier lyn dat er berne waard, gie de priis nei Willem Tjerkstra foar syn trilogy Ridder fan Snits, Skuld en Boete.
De priis foar Tjerkstra kaam ûnferwachte, ek foar syn útjouwerij De KFFB. Grutte favoryt wie Durk van der Ploeg.
Yn it programma Breedbyld fan 12 septimber 2009 prate Eelke Lok mei Gysbert-winner Willem Tjerkstra:
2001 - Tsjêbbe Hettinga
Yn 2001 wie it 15 jier lyn dat in dichter foar it lêst de Gysbert Japicxpriis wûn. Tsjêbbe Hettinga krige dat jier de priis foar syn bondel Fan oersee en fierder, in epos fan njoggen ferzen, skreaun as wie de dichter op in ûnbekend Gryksk eilân.
De sjuery sei yn it rapport dat de bondel mei kop en skouders boppe de oare gadingmakkers útstuts. Hettinga is bekend om syn romantyske tematyk en syn skaaimerkende foardracht.
De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2001 oan Tsjêbbe Hettinga:
1998 - Piter Boersma
Yn 1998 wie de priis foar skriuwer Piter Boersma foar syn boek It libben sels. Boersma skriuwt dan al sawat tritich jier boeken en gedichten. Boppedat is hy de oprjochter fan it literêre tiidskrift Hjir en de Koöperative Utjouwerij.
Skriuwer Piter Boersma yn 1998 oer it winnen fan de Gysbert:
1995 - Trinus Riemersma
Skriuwer Trinus Riemersma waard yn 1995 foar de twadde kear winner fan de Gysbert Japicxpriis.
De flagge hong yn 1995 út by it wenhûs fan skriuwer Trinus Riemersma:
Riemersma syn boek De Reade Bwarre, yn syn eigen stavering, wie foar de sjuery de reden om him de literatuerpriis ta te kennen.
Besjoch de dokumintêre út 2011 oer it libben en wurk fan Trinus Riemersma:
Besjoch ek it programma Gewest Fryslân oer de útrikking fan de Gysbert Japicx-priis yn 1971 oan Paulus Akkerman, de man efter Akke Radsma en de praatsjes oer de hage.
Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985-2005 werom te sjen. Lykas de folgjende dokumintêres: