Eppie Dam wint Gysbert Japicxpriis

27 sep 2017 - 14:24

De Gysbert Japicxpriis wurdt fan 't jier oan skriuwer Eppie Dam út Sleat takend. Deputearre Sietske Poepjes hat woansdei by Eppie Dam op besite west om dat feestlike nijs persoanlik te fertellen. Op sneon 14 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis 2017 yn de Martinitsjerke yn Boalsert útrikt. Eppie Dam kriget de priis foar de dichtbondel 'Fallend ljocht'. De advyskommisje, besteande út Bouke Oldenhof, Gerlien van Dalen en Pieter Boskma wie ienriedich yn it oardiel.

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de Gysbert Japicxpriis om 't oare jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. Fan 't jier giet it om poëzy dy't yn de jierren 2013 oant en mei 2016 ferskynd is. De priis is in bedrach fan € 10.000 en in oarkonde.

Eppie Dam

Eppie Dam (1953) is njonken dichter ek skriuwer, oersetter en poëzyresinsint. Hy wie earder learaar yn it basisûnderwiis. Sûnt syn debút yn 1978 publisearre hy ferskate boeken. Neist poëzy skriuwt Eppie Dam ek ferhalen, berneboeken en lietebondels.

In oar momint is der net

"We binne út de skroeven" seit Lienke Boot, de libbenspartner fan Eppie Dam. Se docht it wurd om't Eppie Dam sûnt 2010 de sykte fan Huntington hat, dy't de harsens oantaast en dêrom is it dreech foar him om yn in direkt petear te antwurdzjen op fragen. "Hy kin wurden wol goed op papier krije, yn alle rêst." Se wist al in wike dat er de priis krije soe. "Ik moast it stil hâlde en dat wie wol dreech en ik tocht ek dat ik it him miskien dochs fertelle moast om't ik net wist oft er it oan koe. Mar dat ha ik net dien en hy wie hielendal ferrast. Hy seach deputearre Sietske Poepjes mei blommen oankommen en doe begûn it wat te daagjen. Dit is in goed momint, hy kin der no noch fan genietsje en alles meimeitsje. Hy is al sûnt 1978 dwaande en hat santich titels op syn namme. Dit is in stik wurdearring, krekt ek foar dizze bondel dy't foar in part oer de sykte giet en de ferwurking derfan. In oar momint is der net, we binne hiel bliid. In lêst falt fan de skouders. Prizen binne neat foar Eppie, mar dit is hiel moai. No hoecht er noait mear senuwachtich te wêzen."

Nominearren

De fjouwer oare nominearren wiene Wilco Berga mei 'Allinne en yn koar', Elske Kampen mei 'Man en mem', Albertina Soepboer mei 'Herbarium' en Abe de Vries mei 'Brek dyn klank'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)