Aggie van der Meer (92) wint Gysbert Japicxpriis

25 sep 2019 - 09:28

De Gysbert Japicxpriis giet dit jier nei Aggie van der Meer (92). Kultuerdeputearre Sietske Poepjes gie woansdeitemoarn by de skriuwster thús yn Boalsert del om har it blide nijs te fertellen. Van der Meer wint de priis foar har folsleine oeuvre.

Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de pearels yn it oeuvre fan Van der Meer is De Achttjin, dat fertelt oer Ferenc Hacha, dy't fan Joadske ôfkomst is. Hy is lid fan it politburo fan Tsjechoslowakije yn de perioade dat de Tsjechoslowaakske studint Jan Palach himsels, as protest tsjin de Russyske ynfal, yn 'e brân stekt. Dit docht hy om in ein te meitsjen oan de Praachske Maitiid. Van der Meer kaam op it idee foar de roman nei it sjen fan in film oer it proses tsjin Jan Palach.

Nominearren

De nominearren foar de priis wiene Hein Jaap Hilarides, Aggie van der Meer, Elske Schotanus, Nyk de Vries en Ale S. van Zandbergen. Sy waarden selektearre troch in sjuery dy't yn dizze perioade bestiet út Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra. Se beoardielen santich Fryske boeken út de perioade 2015-2018.

Aggie van der Meer is skriuwster fan poëzy, romans en novellen, mar skriuwt ek toanielstikken. Yn 1964 kaam der in berneboek fan har út. Yn 2011 wûn Van der Meer de Piter Jellespriis mei Oerfeart.

Priisútrikking

De priisútrikking is op sneon 16 novimber yn de Grutte Tsjerke yn Boalsert. De provinsjale priis bestiet sûnt 1947. De earste dy't him wûn wie Obe Postma. It is mear as 30 jier lyn dat in frou de Gysbert Japicxpriis wûn. Yn 1986 wie it Tiny Mulder.

Foto: Omrop Fryslân

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân, ornearre foar oarspronklik Frysk wurk. Hy is neamd nei de 17e-iuwske Fryske dichter Gysbert Japicx. De winner kriget 10.000 euro en in oarkonde. De priis wurdt takend troch Deputearre Steaten, neidat in faksjuery in kandidaat oanwiisd hat. De winner kriget in jildbedrach en in oarkonde.

Oersjoch fan de winners fan de Gysbert Japicxpriis:

  • 2017 Eppie Dam: Fallend Ljocht (bondel)
  • 2015 Koos Tiemersma: Einum (e-boek)
  • 2013 Jacobus Q. Smink: Sondelfal (bondel)
  • 2011 Durk van der Ploeg : hiele oeuvre
  • 2009 Anne Feddema: Reidhintsje op 'e Styx (poëzy)
  • 2007 Josse de Haan: hiele oeuvre
  • 2005 Abe de Vries: In waarm wek altyd (poëzy)
  • 2003 Willem Tjerkstra: Ridder fan Snits (roman)
  • 2001 Tsjêbbe Hettinga: Fan oer see en fierder (dichtbondel)
  • 1998 Piter Boersma: It libben sels (roman)
  • 1995 Trinus Riemersma: De reade bwarre (roman)
  • 1992 Steven H.P. de Jong: De Wuttelhaven del (roman)
  • 1989 Anne Wadman: hiele oeuvre
  • 1986 Tiny Mulder: hiele oeuvre
  • 1983 Sjoerd van der Schaaf: De bijekening (roman)
  • 1981 Reinder Rienk van der Leest: Kunst en fleanwurk (dichtbondel)
  • 1979 Ypk fan der Fear: hiele oeuvre
  • 1977 Jan Wybenga: Lyts Frysk deadeboek (dichtbondel)
  • 1975 Rink van der Velde: hiele oeuvre
  • 1973 Willem Abma: De âlde en de leave hear: as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en goaden (dichtbondels)
  • 1971 Paulus Akkerman: It roer út hannen (roman), Foar de lins/Dat sadwaende (essays)
  • 1969 net takend
  • 1967 Trinus Riemersma: Fabryk (roman)
  • 1965 Jan Wybenga: Barakkekamp (dichtbondel)
  • 1963 Jo Smit: Bisten en boargers (ferhalebondel)
  • 1961 Marten Sikkema: hiele oeuvre
  • 1959 Eeltsje Boates Folkertsma (wegere): Eachweiding (essays)
  • 1957 Douwe Tamminga: Balladen (dichtbondel)
  • 1955 Ulbe van Houten: De hillige histoarje (bibelferhalen, De sûnde fan Haitze Holwerda (roman)
  • 1953 Rixt: De gouden rider (dichtbondel)
  • 1952 Anne Wadman: Kritysk konfoai (essays)
  • 1951 Sjoerd Spanninga: Spegelskrift en Núnders (dichtbondels)
  • 1950 Ype Poortinga: Elbrich (roman)
  • 1949 Fedde Schurer: Simson (bibelsk drama), berimingen fan It boek fan 'e psalmen
  • 1948 Nyckle Haisma (postúm): Simmer (novelle)
  • 1947 Obe Postma: It sil bistean (dichtbondel)
Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)