Fryslân Hjoed

It lêste nijs út Fryslân yn Fryslân Hjoed. It nijsprogramma wurdt presintearre troch Lars de Leeuw, Jantine Weidenaar en Timo Jepkema en is te sjen fan moandei o/m sneon.

Byt!

Yn alwer it fjirde seizoen fan it programma Byt! giet presintator Tamme Smit opnij op 'en paad mei bekende Friezen mei in ferhaal. Mei it each op de dobber fisket er ferhalen op út de jeugd fan syn gasten. 

Tsjerketsjinst

Alle sneinen en op kristlike feestdagen is der by Omrop Fryslân in tsjerketsjinst live op telefyzje. Alle moannen út in oare tsjerke wei. De liturgy is hjir alle wiken del te heljen.

Sportcast

Yn de Sportcast praat de fêste sportploech fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân, altyd mei in Frysk rantsje. 

FryslânDOK

FryslânDOK biedt filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't derta dogge, dy't reitsje of dy't diskusje oproppe, oer ûnderwerpen yn Fryslân. Sjoch hjir foar alle dokumintêren.

Nijsmakkers

Foar wa't graach op 'e hichte bliuwe wol fan it Fryske nijs, mar net sit te wachtsjen op swiere analyses of lange diskusjes. Presintator Roelof de Vries besprekt op in tagonklike en ferrassende wize mei trije kollega-freonen, Arjen Bosselaar, Janko Krist en Sybrand Grasdijk, it nijs fan de wike.

Noardewyn live

Alle freeds live muzyk yn de Noardewyn studio. Jûns op radio, woansdeitejûn (19.30 oere) op telefyzje, mei werhellingen o/m sneintemoarn. Mar ek te finen op Spotify, Podcast en iTunes.

Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!

Ooh wat in klapper!

Yn de wiken fan it SKS-skûtsjesilen praten Arjen de Boer en Geartsje de Vries alle dagen oer de wedstriden, no hâlde se dy bûten it seizoen ek alle moannen op de hichte.