Hettinga wint G. Japicxpriis

12 sep 2001 - 00:00

Dichter Tsjêbbe Hettinga hat de Gysbert Japicxpriis wûn mei syn bondel 'Fan oersee en fierder'. De sjuery seit yn it rapport dat de bondel mei kop en skouders boppe de oare gadingmakkers útstekt. It is foar it earst yn 15 jier dat in dichter de priis kriget.

De Gysbert Japicxpriis is de heechste Fryske literatuerpriis en wurdt útrikt troch de provinsje Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)