Omrop Fryslân

Stepalvestêdetocht wie foar de ien waarm, foar de oar fantastysk en guon dienen him op karakter

Mei in dweiltrochwiete handoek ûnder syn helm, komt Johannes Miedema oer de finish
© Omrop Fryslân
485 minsken hienen harren ynskreaun, mar sneontenacht stienen der sa'n 400 fan harren oan de start fan de 39e edysje fan de Stepalvestêdetocht.
Der wie in hitteprotokol fan krêft, mar úteinlik foel it allegear ta: de EHBO hat it net hiel drok hân. "Gewoan in pear lytse dinkjes", seit Rien Zwart fan de organisaasje.
Sa waard it benammen in moaie dei, en eltse dielnimmer hie sa syn eigen ferhaal.

De waarmte trochstien

"Dreech. Hiel waarm. Goh." Johannes Miedema stiet hymjend by de alderlêste stimpelpost yn Boalsert. Hy is allinnich. "Myn maten wiene sa stikken, dy seine: gean mar."
Hy fûn de tocht ek net maklik. Mei de skonken giet it goed, want Miedema hat goed traind, mar de waarmte hat him efkes te pakken hân. "Op 'e seedyk fûn ik mysels werom." Dêrnei hat er syn eigen tempo wer oppakt en syn maten efter him litten.
Wianne (10) mei de lêste stimpels fan de Stepalvestêdetocht sette
© Omrop Fryslân
Miedema syn stimpel wurdt set troch de 10-jierrige Wianne. "Ik fyn it moai om te dwaan omdat mem him ek hiel faak stept hat."
Wianne en har mem wolle, nei meardere kearen as dielnimmer yn Boalsert west te hawwen, no wat weromdwaan foar de organisaasje. Mem by de merchandise en Wianne yn har simmerske jurkje by de stimpelpost.

It is úteinlik gjin wedstriid

Oan Wianne ek de eare om de lêste stimpel te setten by de rapste autopetters. Jetse Genee en Mente de Boer komme krekt nei 16.00 oere oer de finish.
Eins gûnze it sneintenacht foar de start al wat rûn. "Dy lange man mei oranje helm sil wol de earste wurde." En dat wie ek sa.
Mente de Boer krijt in stimpel fan Wianne (10)
© Omrop Fryslân
It is de Boer, 2.04 meter, syn njoggende edysje en hy hat de tocht no acht kear wûn. "Ach, it is úteinlik gjin wedstriid, mar dat makkest der sels altyd wol wat fan. Dat makket it ein altyd ekstra moai."
"Ik tink dat it dizze kear in perfekte edysje wie. De sinne derby, de nacht wie goed, minimaal wyn", sommet De Boer op.
Jetse Genee en Mente de Boer wiene de fluchsten by de Stepalvestêdetocht
© Omrop Fryslân
Foar Wianne is it noch in hiele útdaging om de stimpels te setten, want de kaarten binne dweiltrochwiet wurden. "Mynt is wat papier-maché wurden", grapket de oare nûmer ien, Genee.
Twa nûmers ien dus, mar dat hiene der ek mear wêze kinnen. Yn Warkum bestie de groep noch út fiif mannen, mar dêrnei hawwe Genee en De Boer oansetten.
"Witst, wolst hjir eins net mear sprinte, want it is folle moaier om sa oan te kommen", seit Genee. Tegearre, njonken inoar, koene se no yn alle rêst troch de Gijsbert Japicxlaan dêr't it publyk rigen dik stie te klappen.

Op karakter

Oer in tocht fan sa'n 17 oeren wie it gat mei de earste frou tsien minuten. Doe't Genee en De Boer noch drok wiene mei foto's en ynterviews, kaam dêr Lonneke Zijlstra oer de finish.
"Ik ben hier wel heel blij mee". Ast sa rap efter de manlju sitst, moatst wol goeie boppeskonken hawwe. "Ik denk vrij sterke inderdaad, maar het laatste stuk is echt wel op karakter, hoor, want het is natuurlijk superwarm", laket Zijlstra.
De earste frou by de Stepalvestêdetocht is Lonneke Zijlstra
© Omrop Fryslân
Zijlstra bliuwt yn Boalsert, want se wol moandei de fytsers oanmoedigje. Miskien dat se dan Miedema treft. Hy stiet by de Fytsalvestêdetocht ek yn it publyk. Wer mei maten. En syn stepmaten binne yntusken ek binnen. In kertier neidat hy oer de finish kaam.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.