Freonen fan Omrop Fryslân
De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de stipersferiening fan de Omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio en telefyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellingen en aktiviteiten.

Lid wurde?
Wolle jo ek graach freon wurde fan de FOF? De ledebydrage is min. € 9,- yn it jier. Jo kinne maile nei freonen@omropfryslan.nl. Jo kinne jo ek oanmelde fia it formulier ûnderoan dizze side.

Nijsbrief Each & Ear
De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it ledeblêd Each en Ear en/of in Nijsbrief. De nijste útjefte is hjir yn te sjen.

Kontakt
Jo kinne op ferskate wizen kontakt opnimme mei de FOF, bygelyks fia de mail: freonen@omropfryslan.nl.

Jo kinne ek in briefke stjoere nei:
Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
Zuiderkruisweg 2, 8938 AP Ljouwert