Omrop Fryslân is in publike omrop en in mediabedriuw dat folop yn ûntwikkeling is. Neist regionale radio, telefyzje en ynternet, makket Omrop Fryslân ek programma’s foar NPO 2 en binne der edukative programma’s op radio en telefyzje. Omrop Fryslân wol regionaal werkenber, aktueel, ûnôfhinklik, betrouber en tagonklik wêze, ferdivedearje en fariearje. En Frysk: it poadium foar maatskiplike diskusjes yn de provinsje, belutsen by en ûnderdiel fan it deistige Fryske libben. Koartsein, Omrop Fryslân wol it mediabedriuw wêze dêr’t de Friezen net sûnder kinne!

Fakatueres

Op it stuit binne der gjin fakatueres.

Wolsto graach wurkje by de Omrop, mar stiet dyn dreambaan der net tusken? Skriuw dan in iepen sollisitaasje. Klik dêrfoar hjir.

Sollisitaasjeproseduere