Deropút dit pinksterwykein? Dit is der te dwaan yn Fryslân
Mei it each op de waarsferwachting wurdt it in ideaal wykein om deropút te gean! Kinst bygelyks in hynder keapje, nei in kleppedekselrace sjen of swurdfjochtsje leare. Gewoan op de fyts stappe of in kuier meitsje kin fansels ek.
Hjirûnder wer ús wyklikse aktiviteite-oersjoch, mei dit kear mar leafst fjouwer dagen oan tips.
Fytse mei de Marrekrite
Mei it moaie waar te fytsen? Fia de webside fan de Marrekrite kinst dêr dyn eigen rûte foar útsette. Fynst der nammentlik in oersjoch fan alle fytsknooppunten dy't we yn ús provinsje hawwe.
Wolst it simpel hâlde, dan skriuwst thús de nûmers fan de knooppunten op in briefke en makkest dêrnei dyn tocht. Bist wat digitaler ynsteld, dan binne der ek apps dêr'tst dat mei dwaan kinst.
Fynst de knooppunten op dizze webside. Tusken de punten stiet hoe fier oft se fan elkoar ôflizze, sa kinst ek de ôfstân berekkenje. In fierdere útlis stiet op de webside.
Oranjewoud Festival
Muzyk fynst dit wykein op it Oranjewoud Festival yn Oranjewâld. Mei muzikanten fan oer de hiele wrâld dy't optrede yn de natuer. "Begeleid door kwinkelerende vogeltjes."
Der is ek in programma spesjaal foar bern, mei optredens en workshops. Dêrneist hearst muzyk dy't spesjaal skreaun is foar it plak dêr't it útfierd wurdt, ek wol lokaasjemuzyk neamd.
Alle ynformaasje oer it festival, lykas it programma, de kaartferkeap en praktyske saken, fynst op dizze webside. It festival is fan freed oant en mei moandei.
Tryater yn Bakkefean
It swimbad fan Bakkefean is de kommende wiken de lokaasje foar in foarstelling fan Tryater. Swimbad giet oer de pensjonearre badjuf Swaantsje, dy't harsels weromsjocht yn de swimmers.
Yn de bern dy't swimles krije, de jongeren dy't in bommetsje meitsje, it teenerfamke dat fanatyk baantsjes lûkt, de jonge mem mei bern, in frou yn in rolstoel dy't eins it wetter net yn doart.
Swimbad is te sjen oant en mei 13 juny. Op de webside fan Tryater stean alle spyldata, ek kinst der de kaarten keapje. Der wurdt sawol Frysk as Nederlânsk brûkt yn de foarstelling.
Pinksterfeest yn Feankleaster
Ek dit jier wurdt yn Feankleaster it Pinksterfeest hâlden, dat wurdt al dien sûnt 1973. It wykein hat as doel 'Jezus kennen en hem bekend maken'. Dat wurdt mei in breed programma dien.
Sa binne der gespreksgroepen, seminars en praisebyienkomsten, mar ek optredens fan gospelgroepen, in programma spesjaal foar bern en kin der meidien wurde oan in brommerrace.
Alle aktiviteiten fynst op dizze webside. De sintrale lokaasje fan it Pinksterfeest is it eveneminteterein oan de Keningswei. It feest is fan sneon oant en mei moandei.
SNEON
Skousteroldtimerdei yn Heech
Alde trekkers, oar ridend lânbouark en stasjonêre motoaren komst sneon tsjin yn Heech, by de Skousteroldtimerdei. Kinst se besjen, mar der wurde ek behindichheidswedstriden mei dien.
Dy hawwe moaie nammen krigen: flessetrekkerij en kleppedekselrace. Der wurdt ek in rûnrit troch Heech dien, der binne demonstraasjes, aktiviteiten foar bern en der is in lytse merk.
De oldtimerdei wurdt hâlden oan De Daam yn Heech en begjint om 10.30 oere. Meist der fergees hinne. Mear ynformaasje fynst op dizze webside.
Primavera Festival yn Warkum
Yn Warkum wurdt sneon it Primavera Festival hâlden. Dat bestiet út in merk mei sa'n fyftich standhâlders, dy't in ferskaat oan produkten ferkeapje. Fan Spaanske wyn oant ynlânske planten.
Ek binne der aktiviteiten foar bern. Sa kinne se "kliederen, waterbeestjes vangen of even relaxen in de Chill-tent". Ek foodtrucks en lokale ûndernimmers dogge mei oan it festival.
Fynst de merk yn de Harmonie, Begine en de haven, fan 11.00-18.00 oere. Parkearje dochst op de Stedspolle, mar leaver komst op de fyts. Hjir fynst mear ynformaasje.
Oldies Festival yn Frjentsjer
Helje de rock-'n-roll-outfit mar út de kast! Sneon kinst nei it Oldies Festival yn Frjentsjer, dêr't ek rock-'n-roll-dûnsjen diel útmakket fan it programma. Fansels op passende livemuzyk.
Dêrneist is dj Quickfinger boekt, dogge oldtimers de stêd oan en fynst der in bradery. Ek foar bern binne der aktiviteiten, sy kinne ûnder oare meidwaan oan in hoelahoepwedstriid.
It grutste diel fan de aktiviteiten is middeis, fan 13.00 oere ôf. De muzyk giet ek jûns troch. Alle ynformaasje stiet hjir. Fynst it festival yn it sintrum fan Frjentsjer.
Torendag XL yn Ljouwert
Hast it miskien wol meikrigen, de Aldehou yn Ljouwert wurdt de kommende tiid ûnder hannen naam. Om de start dêrfan te fieren wurdt sneon in spesjale ferzje fan de Torendag organisearre.
Kinst op dy dei fergees de toer beklimme en deryn en derop binne optredens, ûnder oare fan Melvin van Eldik en Too Sloeg. Dêrneist kinst fergees in flash tattoo sette litte, ynspirearre op de toer.
De dei begjint om 13.00 oere. Alle aktiviteiten en byhearrende tiden fynst op dizze webside. It kin wol wêze datst even wachtsje moatst foardatst de toer yn kinst, dy hat in beheinde kapasiteit.
Iepening farseizoen Turfrûte yn Nij Beets
It farseizoen op de Turfrûte, de rûte troch it súdeasten fan Fryslân dy't in ferfolch krijt yn Drinte en Oerisel, giet sneon wer offisjeel fan start. Dat wurdt dien mei aktiviteiten yn Nij Beets.
Yn it doarp is in streekmerk, kinst meifarre op in autentike turfbok (mar even googelje), der is strjitteäter, livemuzyk fan ûnder oare in shantykoar, der binne berne-aktiviteiten en bungeeroeien.
EARSTE PINKSTERDEI
Pinksterfair yn De Himrik
Lifestyle, ambacht, streekprodukten en bûtenlibben. Dat binne de tema's fan de fair dy't snein yn De Himrik hâlden wurdt. Kinst der produkten keapje, mar der binne ek demonstraasjes.
De fair is by in stoeterij en dêrom krijt ek it Fryske hynder omtinken, bygelyks foar de sjees. In frouljussadelclub jout in optreden, krekt as in dûnsklup. Der is livemuzyk en sjochst oldtimers.
De fair is oan de Binnenwei 13a, fan 11.00-16.30 oere. De tagong is fergees. Fynst mear ynformaasje, ek oer de hynders en de optredens, op dizze webside.
Kunstroute Opsterland
Goed tweintich keunstners yn de gemeente Opsterlân litte har wurk sjen by de Kunstroute Opsterland. De keunstners wurkje mei ferskate techniken, lykas skilderje, fotografy en tekstyl.
Yn de Pitertsjerke yn Lippenhuzen fynst in tentoanstelling mei wurk fan alle keunstners, dêrneist is har wurk te sjen yn ateliers en galeryen.
Kinst de rûte - ek op de fyts - dwaan fan 11.00-17.00 oere, dat kin sneon, snein en moandei ek. Mear ynformaasje fynst hjir. Soest de rûte snein kombinearje kinne mei de fair yn De Himrik.
Feest yn De Alde Feanen
De Alde Feanen fiert dat it al tweintich jier in nasjonaal park is en dat dogge se snein, op de Dag van het Nationale Park. Der wurde aktiviteiten organisearre foar jong en âld.
Sa is der ûnder oare in survivalbaan, kinst mei de e-chopper it gebiet yn, meidwaan oan in soartenchallenge, picknicke en nei in natuermerk mei ek natuerorganisaasjes.
Alle aktiviteiten fynst op dizze webside. Foar in oantal moatst dy yn it foar oanmelde, dat kin dêr ek. It feest begjint om 12.00 oere en is yn de Pettebosk, by de Koaidyk by Earnewâld.
Prinsentuinconcert yn Ljouwert
Dani Luuk en Eddie & The Vibe jouwe snein in optreden yn de Prinsetún yn Ljouwert. It giet om it earste fan in nij seizoen mei konserten en oare aktiviteiten dy't yn park hâlden wurde.
Dani Luuk "versmelt folk en pop tot een dromerige sfeer". Eddie & The Vibe is in band om sjonger Edward van der Velde hinne. "Muziek ziet hij als een kunstvorm en de sfeer is het belangrijkst."
De optredens binne fan 14.00-17.00 oere. Mear ynformaasje fynst op in spesjale webside. Dêr fynst ek de oare data dat der aktiviteiten organisearre wurde.
Pinkster Rock yn Wolvegea
Yn it sintrum fan Wolvegea kinst snein nei Pinkster Rock. Boekt binne twa bands: Vluchtheuvel en NBR, wat stiet foar Natural Born Rockers. Mei tank oan heit en mem dus.
Vluchtheuvel is in fiifkoppige rock-'n-roll-coverband. En de muzyk fan NBR? "Een levend eerbetoon aan classic rock, gespeeld met vuur, vakmanschap en respect voor het origineel."
Pinkster Rock begjint om 16.00 oere en wurdt hâlden op it Centrumplein. Meist der fergees hinne. Mear ynformaasje fynst op dizze Facebookside.
TWADDE PINKSTERDEI
Skoattermerke yn Aldskoat
Yn de 15e iuw koe it al, in besite bringe oan de Skoattermerke yn Aldskoat. Moandei wurdt dy opnij hâlden, foar de 426e kear. Oan de opset is yn al dy tiid net folle feroare.
It ferneamste ûnderdiel fan de Skoattermerke is de hynstemerk, dy't al betiid begjint. Dêrneist is der in jiermerk mei sa'n 250 kreamkes. Mei útienrinnende produkten en ek iten en drinken.
De hynstemerk begjint om 06.00 oere, de jiermerk om 08.00 oere. Fynst de kreamkes oan de Marktweg, Wolvegasterweg en Schoterlandseweg. Hjir stiet mear ynformaasje.
Kuierje mei Staatsbosbeheer
Fansels, moandei sit heal Fryslân op de fyts fanwegen de Alvestedetocht. Mar mochtest leaver te kuierjen gean, dan kin dat bygelyks mei Staatsbosbeheer. Dat hat op meardere plakken rûtes.
Sa kinst kieze út kuiers by de Snitsermar, yn Gaasterlân, by Oranjewâld, op de Waadeilannen en by it Houtwiel. In diel fan de rûtes hat ek in tema, lykas de poëzyroute yn it Weinterperskar.
Fynst de rûtes op de webside fan Staatsbosbeheer. Se fariearje fan ôfstân, fan hiel koart oant ien fan sa'n 16 kilometer. En ja, der sitte ek in pear ferdwaalde fytsrûtes tusken.
Open Boerderijdag
Yn Akkrum en Sigerswâld sette boerebedriuwen moandei har doarren iepen foar publyk. It giet om bedriuwen mei melkfee, ien hat ek in iismakkerij. Se fertelle dy dan graach oer har bedriuw.
Se litte ûnder oare sjen wat se dogge oan duorsumens. Dêrneist wurde der spesjale aktiviteiten organisearre. Sa krije bern in 'doeboek', kinne der spultsjes dien wurde en is der in suvelbar.
De iepen dei is fan 10.00-16.00 oere. Yn Akkrum oan de Jinshuzen 2, yn Sigerswâld oan de Middenwei 4. Hjir fynst mear ynformaasje, de tagong is fergees.
Makersmarkt yn Frjentsjer
Yn de tún fan it Martenahûs yn Frjentsjer is moandei de tredde Makersmarkt. In merk dy't yn it teken stiet fan 'Liefde voor Ambachten". Der binne saken te keap, mar krijst ek demonstraasjes.
Dêrneist binne der aktiviteiten foar bern. Dy kinne bygelyks fjochtsjen leare mei in swurd. En foar de lytsten leit der in Peuter Fiets Elfstedentocht klear. Dy kin ôflein wurde op in rinfyts.
De Makersmarkt is fan 11.00-16.00 oere. Fynst it Martenhûs oan de Voorstraat. Parkearje kinst om it sintrum hinne. Hjir steat mear ynformaasje oer de merk.
Dag van het Kasteel
Fjouwer 'kastielen' yn Fryslân organisearje moandei aktiviteiten yn it ramt fan de Dag van het Kasteel. Neist it Martenahûs giet it om Fogelsangh State, Vijversburg en Dekema State.
By dizze trije stean "hartstocht en emoties" sintraal. Hearst ferhalen oer "romantische relaties, verstandshuwelijken, verboden affaires, onverwachte vriendschappen en onvoorwaardelijke liefde".
Fynst de (leafdes)aktiviteiten op dizze webside. Dêr stean ek de tiden en de tagongsprizen. Fogelsangh State leit yn Feankleaster, Vijversburg yn Tytsjerk en Dekama State yn Jelsum.
Mear aktiviteitetips
Tips foar aktiviteiten krigest ek alle sneonen yn ús programma Op en Ut, tusken 09.00 en 12.00 oere. En fynst se yn ús kultueraginda.
Wolst ús tippe oer in aktiviteit? Brûk dan it oanmeldformulier.