• Ik wol in evenemint taheakje oan de aginda, hoe doch ik dat?

Eveneminten, kultuersaken, tips foar de redaksje fan Op&Ut en oare saken kinne jo nei de aginda stjoere. Folje dêrfoar it fomulier op ús kontaktside yn.

  • Ik wol ek sa'n Omrop Fryslân gadget, wêr kin ik dy keapje?

De gadgets fan Omrop Fryslân binne allinne te winnen mei ús aksjes en binne net te keap. Mochten jo dochs produkten fan Omrop Fryslân brûke wolle foar in toanielstik of optocht, dan kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling publyk

  • Wêrom wurdt der net altyd geef Frysk praat yn programma's en nijsreportaazjes?

Oangeande it Frysk kinne wy jo fertelle dat ús taal by de Omrop in wichtich punt fan oandacht is. Wy besykje it Frysk dat op ús media brûkt wurdt, sa goed mooglik te krijen/hâlden. Us meiwurkers krije Fryske kursussen en wy hawwe in taalcoach dy't tips jout en minsken helpt om harren Frysk te ferbetterjen. Nijere meiwurkers hawwe fansels altyd wol wat tiid nedich om de taal goed te learen en ta te passen. Dan dogge sy fansels harren uterste bêst om it Frysk sa goed mooglik te praten, mar de ferslachjouwers moatte fansels ek om it petear tinke en goede fragen stelle. Us earste oandacht giet út nei ús skreaune teksten. Dy besykje wy sa geef as mooglik te skriuwen.

  • Kinne de programma's fan Omrop Fryslân ek ûndertitele wurde?

It ûndertiteljen fan ús programma's kostet in hiel soad tiid. Foar 10 minuten oan byldmateriaal binne wy sa'n 4 oeren dwaande mei ûndertiteljen. It kin noch net automatisearre wurde, dy technyk is foar no noch net goed genôch.

  • Wêr kin ik terjochte mei klachten of suggestjes?
Per post: Omrop Fryslân, t.a.f. ôfdieling Publyk,
Postbus 7600, 8903 JP Ljouwert
Telefoanysk: 058 - 299 77 99.
Per e-mail: publyk@omropfryslan.nl. De ôfdieling Publyk bûcht him oer jo klacht, suggestje, tip ensfh. en soarget as it mooglik is foar in oplossing.
  • Wêr kin ik wizigings en/of oanfollingen op berjochten trochjaan?
Dit kin troch in mailtsje te stjoeren nei ús redaksje: redaksje@omropfryslan.nl
  • Wêr kin ik algemiene ynformaasje fine oer Omrop Fryslân?

Dat fine jo hjir.

  • Ik wol graach by Omrop Fryslân wurkje of staazje rinne, kin dat?

Bist nijsgjirrich, entûsjast en sikest in ôfwikseljende en dynamyske staazje? Dan hawwe wy miskien wol it staazjeplak foar dy! Op ferskate ôfdielingen ha wy staazjeplakken beskikber foar mbo- en hbo studinten. Foar ús fakatuere-oanbod kinst hjir terjochte. Iepen sollisitaasjes binne altyd fan herte wolkom by Omrop Fryslân.

  • Kin Omrop Fryslân ús evenemint sponsorje?

Omrop Fryslân is net yn 'e gelegenheid soks te dwaan. Wy binne sels in subsidiearre organisaasje en sadwaande is it ús net tastien om oare organisaasjes, ynstellingen of persoanlike inisjativen te stypjen. Wol is it mooglik dat der op sjoernalistyk mêd omtinken oan jo projekt jûn wurde kin.

  • Ik wol graach advertearje by Omrop Fryslân, hoe doch ik dat?

Us akkountmanagers stean foar jo klear om te sjen wat it bêste by jo past. Sjoch rêstich op de webside om te sjen wat de Omrop foar en mei jo dwaan kin.

  • Ik ha in tip foar de omrop, wêr kin ik dy hinne stjoere?

Yn in soad radio-útstjoeringen kinne jo reagearje. Dat kin fia de Omrop-app en de webside, fia it ikoan 'appke' boppeoan. Jo krije allinnich in befêstiging fan ûntfangst. Wy kinne gjin garânsje jaan dat jo berjocht brûkt wurdt foar ien fan de media fan Omrop Fryslân. Of folje it kontaktformulier op ús kontaktside yn.

  • Wêr kin ik de telefyzje- en radiofrekwinsjes fan Omrop Fryslân fine?

Dy fine jo hjir

  • Is it mooglik om audio/fideomateriaal te bestellen?

Alle radio- en televyzjeprogramma's fan Omrop Fryslân binne nei de útstjoering noch werom te sjen of te beharkjen op ús webside fia de opsje 'Utstjoering mist'. De programma's dy't wy op de webside oanbiede kinne jo net downloade. Omrop Fryslân biedt jo wol de mooglikheid om radio- en televyzjeprogramma's of reportaazjes te bestellen. Sjoch foar mear ynformaasje hjir.

  • Kin ik de muzyklist fan de útstjoering weromfine?

De playlist wurdt nei eltse útstjoering by it programma op de radio mist site set.