Buro de Vries op TV

Buro de Vries op TV

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaaasje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
Tsjerketsjinst

Tsjerketsjinst

Alle sneinen en op kristlike feestdagen is der by Omrop Fryslân in tsjerketsjinst live op telefyzje. Alle moannen út in oare tsjerke wei.
Buro lokaal

Buro lokaal

Yn Buro lokaal sjogge je alle wiken nijsgjirrige ferhalen fan in tal Fryske streekomroppen. Omrop Fryslân wurket gear mei de streekomroppen RTV NOF, Omroep Zilt en Radio Spannenburg.
It Waar

It Waar

It aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
Fryslân Hjoed

Fryslân Hjoed

Yn in lyts kertierke wurdst yn Fryslân Hjoed bypraten oer it wichtichste nijs fan de dei en de meast nijsgjirrige ferhalen.
Op & Ut op TV

Op & Ut op TV

Op & Ut, it kulturele radioprogramma fan Omrop Fryslân is ek te folgjen op telefyzje. Rjochtstreeks út de radiostudio wei.
Nijsmakkers

Nijsmakkers

Roelof de Vries, Sybrand Grasdijk, Arjen Bosselaar en Janko Krist nimme dy op harren eigen wize mei troch it nijs fan ’e wike. Humor, eigen rubriken en in bytsje chaos.
HEA!

HEA!

HEA! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl.
Noardewyn live

Noardewyn live

Alle sneontejûns op telefyzje it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Livemuzyk yn de Noardewynstudio. Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!
Sportcast op tv

Sportcast op tv

Yn de Sportcast op tv praat de fêste sportploech fan Omrop Fryslân dy by oer de ferskate sporten, altyd mei in Frysk rantsje. No ek te sjen op telefyzje.
Byt!

Byt!

Tamme Smit giet op ’en paad en fiskjen mei bekende Friezen. It perfekte momint foar in goed petear..
Keningsdeikonsert

Keningsdeikonsert

It Keningsdeikonsert hat dit jier as tema 'thús '.
André & Alfred

André & Alfred

Soan André wennet mei syn heit Alfred en harren freonen yn in gesellige Fryske buert. Wannear’t in mysterieuze, smoarge loft de hiele provinsje dwaande hâldt, geane de bern op ûndersyk út.
Deadebetinking

Deadebetinking

De provinsjale deadebetiking live út de Prinsetún yn Ljouwert. De presintaasje komt fan Eric Ennema.
FryslânDOK

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
Ooh wat in klapper!

Ooh wat in klapper!

Yn de wiken fan it SKS-skûtsjesilen praatten Arjen de Boer en Geartsje de Vries alle dagen oer de wedstriden, no hâlde se dy bûten it seizoen ek alle moannen op de hichte.
Kroan op Dokkum

Kroan op Dokkum

Deistich programma yn de wike foar Keningsdei live út Dokkum. Presintatoaren Isa Visser en Jantine Weidenaar folgje hoe't de stêd har taret op de komst fan de keninklike famylje.
Keningsdei 2026

Keningsdei 2026

Keningsdei 2026 fiert kening Willem-Alexander, tegearre mei syn famylje, dit jier yn Dokkum. Mei leuke aktiviteiten foar jong en âld, muzyk, moetingen en in geweldige sfear.
Omrop Klassyk

Omrop Klassyk

De moaiste klassike konserten fan de ôfrûne jierren, alle tongersdeis te sjen by Omrop Fryslân.
Evenhuis

Evenhuis

Wat soesto dwaan as dyn bern yn hannen falt fan'e fijân, as it leafste dy ûntnommen driget te wurden? Dy universele fûnemintele fraach resonearret allegeduerigen yn de muzykteäterfoarstelling Evenhuis | De Fryske bankier fan it ferset.
Frjemdling yn Jeruzalem

Frjemdling yn Jeruzalem

Dichter Eppie Dam en komponist Gerben van der Veen joegen in nije draai oan it âlde lijensferhaal fan Jezus en dêrmei krijt it in hjoeddeiske betsjutting.
Fier yn it run

Fier yn it run

We litte ús der graach op foarstean dat it Frysk net in dialekt mar in taal is. Mar better soe eins wêze om te sprekken fan in ‘talefamylje’. Want alle ferskillende farianten dy’t sprutsen wurde, ken it Frysk nochal wat soarten en maten. Mar hoe goed kenne wy al ús famyljeleden eins? Mei dy fraach giet Tjits op ‘en paad nei alle úthoeken fan it Fryske taalgebiet.
Hynstekeuring

Hynstekeuring

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS live te folgjen by Omrop Fryslân. Te folgjen fia meartalige livestreams op ús webside en de Omrop-app en de lêste dei live te folgjen op telefyzje.
Jieroersjoch

Jieroersjoch

Yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch 2025 sjocht presintator Timo Jepkema noch ien kear werom op saken dy’t yn 2025 opfoelen yn it Fryske nijs. Wy sjogge werom mei minsken dy’t sels yn it nijs kamen of it fan tichby meimakken. Wy spiele de ‘film’ 2025 noch ien kear werom en dat dogge we fansels op it wite doek.
De Kast

De Kast

De Kast bestiet 35 jier en dat wurdt fierd tegearre mei it NNO yn de Oosterpoort yn Grins en Ahoy Rotterdam. In magyske jûn mei klassikers as In Nije Dei, Hart van mijn gevoel en Woorden zonder woorden, yn in nij orkestraal jaske ûnder lieding fan topdirigint Dirk Brossé.
Krystnachttsjinst

Krystnachttsjinst

Omrop Fryslân stjoert krystnacht in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Rjochtstreeks út de Martinitsjerke yn Snits.
Lân fol libben

Lân fol libben

Hoe kin regenerative lânbou bydrage oan de takomst fan de Fryske lânbou? Lân fol libben lit sjen welke kânsen der lizze foar boeren, it lânskip en in duorsum itenssysteem.
Fan binnenút

Fan binnenút

Je sjogge in soad ellinde, der binne minder kollega's en der wurdt ferwachte datst alles oplost as plysje. Wat is noch de driuwfear om plysje te wêzen, freget programmamakker Miranda Werkman har ôf as se foar in twadde seizoen mei op paad giet mei de plysje yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Diskear komt Miranda noch tichter op it wurk fan de plysje.
De stand van Noord-Nederland

De stand van Noord-Nederland

Yn de Stand van Noord-Nederland komme ekonomyske ûnderwerpen foarby dy't eltse Fries, Grinslanner en Drint reitsje, de regionale ekonomy wurdt oan de oandacht brocht. Yn gearwurking mei RTV Noord, RTV Drenthe, Omrop Fryslân en SER Noord-Nederland.
DOKtober

DOKtober

Yn oktober stiet FryslânDOK yn it teken fan DOKtober. De dokumintêre-talkshow dêr't byld en petear yn gearkomme. Ferhalen dy't reitsje, ynspirearje en oan it tinken sette.
SjONG

SjONG

SjONG is in twajierliks Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops fan profesjonele muzikanten en tekstskriuwers en dogge audysje.
Tjits Floch

Tjits Floch

Famylje floch fan Tjits, Jelke en harren bern. Alle dagen belibje se wol wat en litte dit sjen yn in kompilaasje.
Gouden Gurbes

Gouden Gurbes

De Gouden Gurbes binne prizen dy't útrikt wurde oan de bêste Fryske iepenloftspullen en akteurs.
Klik mei de natuer

Klik mei de natuer

Yn it programma Klik mei de natuer giet presintatrise Laura Oosterloo de natuer yn mei frijwilligers fan ferskate natuerorganisaasjes. Nei't se tips krigen hat fan in fotograaf, besiket se in sa moai mooglike foto te meitsjen fan in bysûnder natuerferskynsel. Elke ôflevering stiet yn it teken fan in oare frijwilliger en in nij tema út de natuer.
Liet

Liet

De acht finalisten fan it Frysktalige sjongfestival Liet binne bekend. De artyst dy't wint, sil Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival en op Liet International.
Frouljus PC

Frouljus PC

Rjochtstreeks ferslach fan de Frouljus PC yn Weidum, te folgjen op telefyzje, radio en online..
IFKS Sjoernaal

IFKS Sjoernaal

Omrop Fryslân sil dit jier op syk nei de ferhalen achter de IFKS. Wat makket dizze klasse eigen? Wa sile der yn mei? En wêrom dogge se dat eins? Alle dagen te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân.
FK fierljeppen

FK fierljeppen

Streekrjocht ferslach fan it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum.
Skûtsjesilen

Skûtsjesilen

Kompilaasje en gearfetting fan de SKS-wedstriid.
De Freule

De Freule

Woansdei 6 augustus fan 14.00 oere ôf is De Freule keatspartij live te folgjen op telefyzje, radio en online..
PC Frjentsjer

PC Frjentsjer

It is wer safier, de PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Fan de earste slach ôf is de PC te folgjen op radio en online. Fan 14.00 oere ôf is de PC live te sjen op telefyzje.
Expeditie Nederland

Expeditie Nederland

Expeditie Nederland is in programma fan de regionale omroppen by Omroep MAX. Regionale ferslachjouwers dûke yn ferskate tema's.
Scoute mei Berend

Scoute mei Berend

Yn Scoute mei Berend sille Arjen de Boer en Berend op syk nei de toppers fan de takomst en sykje se nei nij Frysk sporttalint.
Fytsalvestêdetocht

Fytsalvestêdetocht

Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert
De Vrieske Wike

De Vrieske Wike

Yn it programma de Vrieske Wike praat presintator Roelof de Vries dy yn in oere by oer de polityk yn Fryslân mei nijsgjirrige gasten..
Cambuur Sjoernaal

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we werom op de wedstriid fan SC Cambuur mei in lange gearfetting, reaksjes fan de trainer en de spilers, it lêste nijs en foarútsjen op de folgjende wedstriid..
It Grut Frysk Diktee

It Grut Frysk Diktee

It Grut Frysk diktee is op woansdei 9 april te sjen by Omrop Fryslân. De dikteetekst is dit jier skreaun troch Wiebe Wieling.
NNO konsert

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest stjoert Omrop Fryslân regelmjittich konserten út..
Pong Pong Dino

Pong Pong Dino

Pong Pong Dino draait om fiif bern dy't in wrâld ûntdekke dêr't iten ta libben komt. Se belibje de meast spannende aventoeren.
Stân fan Fryslân

Stân fan Fryslân

Yn gearwurking mei it Fries Planburo makket Omrop Fryslân in programma oer de stân fan Fryslân. Hoe moat de romte ferdield wurde, hoe komt it mei de soarch yn Fryslân, de takomst fan de Fryske ekonomy, wat is mienskip en wat dogge we mei de romte, dit binne thema’s dy’t foarby komme..
Hea! Jieroersjoch

Hea! Jieroersjoch

Aldjiersjûn is it tiid foar de moaiste, leukste en bysûnderste fan HEA! yn 2025.
Bartele Bûse

Bartele Bûse

Wannear't in magyske kaam yn 'e hannen falt fan de behelpsume kapperssoan Bartele, groeit it hier fan alle klanten op magyske wie fan de iene op de oare dei.
Fryske top 100 op TV

Fryske top 100 op TV

Yn 'e startwike fan de Fryske top 100 giet ús stimbus de hiele wike de provinsje yn om stimmen op te heljen. Op âldjiersdei wurdt de folsleine Fryske top 100 útstjoerd. Stimme kin fia: www.frysketop100.nl.
Regio Songfestival

Regio Songfestival

Omrop Fryslân en tolve oare regionale omroppen organisearje mei-inoar it Regio Songfestival.
Fryslân Kiest

Fryslân Kiest

Omrop Fryslân folget it tellen fan de stimmen, hearst de earste tuskenútslaggen en de foarriedige einútslaggen, mei reaksjes en analyzes.
Juster

Juster

Hawwe jo juster in programma mist, dan kinne jo dy programma's wer werom sjen yn it programma Juster fan 07.00 oere oant 13.00 oere. En yn it wykein sneons fan 09.00 oere oant 13.00 oere. En sneins fan 09.00 oere oant 16.00 oere yn Juster it wykoersjoch.
Tsjiltsje

Tsjiltsje

Tsjiltsje is in programma foar bern tusken de 2 en de 8 jier. In ferskaat oan programma's komme foarby û.o. Kening Hert & Harry Hazze, Tomke, Bear Boeloe, André en Alfred en noch folle mear.
Nachtprogrammearring

Nachtprogrammearring

De nachtprogrammearring fan Omrop Fryslân bestiet út in trochrinnende útstjoering mei werhellingen fan programma's en it nijs.
Oarloch yn 'e klasse

Oarloch yn 'e klasse

Oarloch yn 'e klasse is in fiifdielige searje en bringt de skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch tichter by de jongerein mei edukative fideo's.
Sneon yn Fryslân

Sneon yn Fryslân

Sneon yn Fryslân mei Geert van Tuinen is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
TsjilTV

TsjilTV

TsjilTV mei Tomke, Kening Hert & Harry Hazze, Bear Boeloe, WitWat en Wat tekenje ik.
Wekker

Wekker

De film Wekker giet oer de buorlju Gjaltema en syn blaffende Mechelse herder dy't njonken Dieuwke en Johan komme te wenjen. De konstante lûdsoerlêst fersteurt Dieuwke har sliep. Se besiket sels yn te gripen, mar troch har slieptekoart wurdt har tinken troebel en de situaasje hieltyd wanhopiger.
IIs yn waarme tiden

IIs yn waarme tiden

IIsmaster wurde en wêze lear je it meast as der iis is, mar spitigernôch is dat der hast net mear. Simone Scheffer praat hjiroer mei âld-iismaster Henk Kroes, soan Sytse Kroes en reedrydster Marijke Groenenwoud.
Samen 80

Samen 80

Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe fiere mienskiplik it 80-jierrich bestean. In live-útstjoering út de âlde radiostudio fan de RON yn it hert fan Grins. Mei muzyk en nijs út alle trije provinsjes.
Goeiemiddei

Goeiemiddei

Mei nijsgjirrige petearen, de bêste muzyk, de leukste spultsjes en do krijst alle romte om mei te praten.
UIT De Harmonie

UIT De Harmonie

UIT De Harmonie is de liveshow dêr’t De Harmonie it nije teaterseizoen feestelik mei ôftrapet. Mei dizze iepenloftshow krijst in muzikaal foarpriuwke fan wat er dit seizoen op ‘e planken stiet.
Snein yn Fryslân

Snein yn Fryslân

De sneintemiddei stiet yn it ramt fan 'Dat wie doe'. Elts oere bepaalt de tiidmasjine in jier út de jierren '60, '70, '80, '90 en de earste 10 jier fan 2000.
Huldiging SC Cambuur

Huldiging SC Cambuur

Hiel Ljouwert kleuret giel en blau by de huldiging fan SC Cambuur op it plein by de Aldehou. Omrop Fryslân stjoert de huldiging live út.
Underweis

Underweis

Thús, op dyn wurk, of ûnderweis nei hûs prate Eric Ennema en Jan Dirk de Haan dy by oer it nijs fan de dei en de eftergrûnen by it nijs,
Indoor Friesland

Indoor Friesland

It hynstesportevenemint Indoor Friesland yn it WTC Expo.
Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan 'e moarn

Alle wurkdagen draaie Earryt, Feike en Harm de bêste muzyk, mar sy prate dy moarns tuksen 6:00 en 9:00 oere ek by oer it nijs fan de dei. Der is omtinken foar aktualiteit út Fryslân, mar ek út de rest fan de wrâld, it lêste sportnijs en it waarberjocht.
Befrijingsfestival

Befrijingsfestival

Ek dit jier wer op de Wissesdwinger: it Omrop Fryslân poadium op it Befrijingsfestival. Under oare artysten as Jitiizer, Asbest en Las Bandidas steane dit jier op it poadium fan Omrop Fryslân.