Kom fierder by Omrop Fryslân

Kom deryn, slút oan en nim diel. Fiel dy wolkom om de ferhalen fan Omrop Fryslân te folgjen, om ferdjipping te sykjen en om it petear oan te gean.

Omrop Fryslân is dé regionale publike omrop foar elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt. De organisaasje makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje en bringt de kontent fia ferskate platfoarms lykas radio, telefyzje en onlinekanalen. De Omrop is tichtby, werkenber en betrouber en yn kontakt mei dy, ús publyk.

Ferbine, ferdjipje en foaroprinne
It boppesteande fertaalt him yn trije kearnbegripen, nammentlik ferbine, ferdjipje en foaroprinne. Omrop Fryslân wol ferbine en bouwe oan mienskippen. Ferdjipje troch tema’s konsekwint en betrouber te ferslaan en minsken fan kontekst te foarsjen. Foaroprinne wol Omrop Fryslân troch saken sels te agindearjen en fakmanskip permanint te ferbetterjen.

De juste taal prate
It Frysk is de twadde rykstaal en dêr is Omrop Fryslân grutsk op. It Frysk is dan ek de fiertaal. Alle presintatoaren en ferslachjouwers brûke it Frysk as de earste taal. Dat jildt ek foar de rest fan de Omrop en is werom te sjen yn alle uteringen fan de Omrop. We wolle de Omrop foar alle ynwenners fan Fryslân wêze en troch de krêft en skjintme fan de taal yn te setten, nûget Omrop Fryslân net-Frysktaligen út om mei te genietsjen.