De Fytsalvestêdetocht

Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht. Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. Foar it earst is de tocht oant 22.00 oere live te folgjen fia radio, telefyzje en online by Omrop Fryslân. Fan 08.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio, online en telefyzje.

Op telefyzje en op de webside en app binne de hiele dei bylden fan de fytsers te sjen. Simone Scheffer ús fytsende ferslachjouwer fytst ek dit jier wer yn de tocht mei. Nij dit jier is dat Simone folge wurdt troch in motorrider dy’t har de hiele de tocht filmet. Eltsenien kin dit jier foar it earst de tocht oant 22.00 oere live folgje by Omrop Fryslân. De lêste fytser wurdt om 21.55 oere live binnenhelle.