Gewest Fryslân fan 22 augustus 2013

Yn 1971 waard de Fryske Gysbert Japicx-priis útrikt oan Paulus Akkerman. De man dy't Akke Radsma grut makke mei de troch him skreaune praatsjes oer de hage, en syn eigen Sâlt en Pipers. Paulus Akkerman skreau sawat alle dagen en dêrfan hie it hiele Fryske folk wille. Hy wie op Skier by de bank en waard yn oktober oerhelle om nei de wâl en waard doe let en set troch de provinsje fanwege de priis. Mar Paulus siet it leafst sûnder safolle drokte op syn eilantsje. In oare âld man wie Hindrik Veenstra. Hy wie doe al 76 jier en hie al fyftich jier de wenhieren ophelle foar de boukoöperaasje yn Damwâld. Mar hy hâlde der yn 1976 mei op. In skitterjend 'rekwiëm' foar in hieropheller.

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Share this page on:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)