Japicxpriis foar dichter Smink

14 sep 2013 - 10:45

Dichter Jacobus Q. Smink krijt op 12 oktober de Gysbert Japicxpriis, foar syn bondel Sondelfal. Dat is freedtejûn bekend makke op it boekefeest yn Ljouwert, troch sjueryfoarsitter Goffe Jensma. De wurdearring wie foaral foar de taal, de tematyk en de ienheid yn it wurk fan Smink. Smink sels wie bliid en oandien oer de priis. Hy lies it titelgedicht fan syn bondel foar.

De oare nominearren foar de Gysbert wiene Eppie Dam, Eeltsje Hettinga, Tsjêbbe Hettinga, Elske Kampen, Abe de Vries en Harmen Wind.

Mei it boekefeest is de Moanne fan it Fryske Boek úteinsetten. It kadoboek is 'Djipte' fan Atte Jongstra, oer syn bertedoarp Terwispel, yn in Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema. Foar de jongeren hat Caja Cazemier it boek 'Foarstelling' skreaun, yn it Frysk oerset troch Ans Wallinga.

Der is keazen foar oersettings, om ek populêre Nederlânsktalige skriuwers yn it Frysk lêze te kinnen, sei direkteur Bert Looper fan Tresoar. Hy melde dat it boekefeest fan takom jier ôf in oar karakter krijt, yn de oanrin nei Kulturele Haadstêd moat it mear yn festivalsfear komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)