Omrop Fryslân

GJ-priis foar Durk vd Ploeg

Durk van der Ploeg krijt de Gysbert Japixpriis 2011. Hy krijt de priis foar syn folsleine oeuvre. De belangrykste Fryske literatuerpriis bestiet út in bedrach fan 5.000 euro en wurdt ienris yn de twa jier útrikt. De sjuery fynt dat Van der Ploeg de iennige skriuwer is dy't yn de beneaming komt foar de oeuvrepriis.
Yn 1956 ferskynden syn earste Fryske gedichten. Nei syn pensjoen yn 1990 hat er him folslein talein op it skriuwerskip.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.