Abe de Vries krijt Japicxpriis

© Omrop Fryslân
Yn Boalsert is tongersdei de wichtichste Fryske literatuerpriis útrikt. Dichter/sjoernalist Abe de Vries fan Zaanstêd (foarhinne Winaam) krige út hannen fan kultuerdeputearre Bertus Mulder de Gysbert Japicxpriis. Dat wie foar syn dichtbondel 'In waarm wek altyd'.
De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. De Vries krijt, njonken de eare en de oarkonde, in bedrach fan 5000 euro.