Omrop Fryslân

Tjerkstra wint Gysbertpriis

© Omrop Fryslân
Willem Tjerkstra wint de twajierlikse Gysbert-Japicxpriis foar Fryske literatuer. De Snitser kriget de erkenning foar syn trilogy 'Ridder fan Snits', 'Skuld' en 'Boete'. Dy boeken gean oer de midsieuske ridder Rienck Bockema fan 'e stins Rodenboarch yn Snits.
De priis foar Tjerkstra kaam ûnferwachts, ek foar syn útjouwerij De KFFB. Grutte favoryt wie Durk van der Ploeg.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.