Hoe fier mei ynnovaasje gean yn de skûtsjewrâld? En natuer bloeit al betiid

Wykoersjoch fan Omrop Fryslân
Wykoersjoch fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Tonnen mei 'ferbeane' fisk út de Waadsee, in nije trend yn de skûtsjewrâld en wa wie de lêste koerierster fan de Fryske knokploech yn de oarloch? Dat en mear yn ús oersjoch fan de wike.
It wykoersjoch bestiet út fiif opfallende ferhalen dy't publisearre binne op ús app en webside. Fan sport oant polityk, fan kultuer oant miljeukwestjes en alles wat fierder mar de revu passearret yn Fryslân.
Foar eltsenien dy't miskien in artikel mist hat, of gewoan nochris rêstich it ien en oar weromlêze wol.
Hjir ús seleksje fan dizze wike:
Ljouwert troch de eagen fan Vermeer
Ljouwert troch de eagen fan Vermeer © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Fryslân mei in fleuchje Vermeer

Skilder Johannes Vermeer (1632-1675) is wrâldwiid bekend as de master fan it ljocht. 'Gezicht op Delft', 'Het Melkmeisje' en 'Meisje met de Parel' hearre ta syn bekendste wurken. It skilderspear Randolph Algera en Gabriëlle Westra fan It Hearrenfean hat alve Fryske stedsgesichten en/of portretten makke yn de styl fan Vermeer, mei eigentiidske of futuristyske eleminten. De ekspsysje is te sjen yn it Fries Museum.
In garnalekotter by Lauwerseach
In garnalekotter by Lauwerseach © ANP

Garnalen of spjirring?

Neffens de wetjouwing mei op de Waadsee net op spjirring fiske wurde, mar nei ûndersyk troch Omrop Fryslân docht bliken dat fiskers allinich al yn jannewaris foar mear as tweintich ton spjirring fongen ha. It is byfangst, sizze de fiskers. Sy fiskje op garnalen en krije de spjirring derby yn harren netten. Dêr sette natuersaakkundigen en de polityk fraachtekens by.
It skûtsje Klaas van der Meulen
It skûtsje Klaas van der Meulen © Omrop Fryslân, Cristine Kuiper

Hoefier mei ynnovaasje gean?

Der is in nije trend yn de skûtsjewrâld: it ûntknikken. De 'knik' dy't guon skûtsjes ha, wurdt hieltyd faker fuorthelle. Dan kin it skip grutter wurde, wêrtroch't it seil ek grutter mei. Mar de ynnovaasje hat net allinnich foarstanners: orizjinaliteit fan de skûtsjes is ek wichtich. Boppedat is der de lêste jierren al in soad ompield mei de skippen, fynt bygelyks Age Veldboom van it Skûtsjemuseum.
Boskwachter Jacob Bijlsma
Boskwachter Jacob Bijlsma © Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Natuer betiid yn bloei

Bûtergieltsjes, mei giele knopkes deroan, bloeiden 45 jier lyn yn maart. No is dat al heal febrewaris. "Alles is in stik earder as fjirtich, fyftich jier ferlyn", fertelt âld-boskwachter Jacob Bijlsma. Under oare yn moerasgebiet De Houtwiel by Broeksterwâld is de maitiid al oanbrutsen. Ferfelend foar minsken mei heakoarts, mar ek foar bygelyks stikelbargen en guon flinters.
Volie
Volie de Jong © Kolleksje Hessel de Walle

Fersetsfrou Volie de Jong wie noait bang

Har mem wie wol ûngerêst as se wer ris nei de spertiid thús kaam, mar sels seach se it gefaar net. Volie de Jong wie yn de oarloch koerierster foar it Fryske ferset. Dizze wike is se ferstoarn. Se waard 100 jier âld.
Dat froulju as Volie foar it ferset as koerierster oan it wurk wiene, is net raar, seit Hessel de Walle, dy't boeken skreau oer de oarloch."In frou krige faak net mear as in skop ûnder de kont, as se al pakt waard. Benammen as se jong en moai wie. Dan wolle je se net oppakke, dan wolle je der in ôfspraakje mei."