Fryslân troch de eagen fan Vermeer: fan 'Strjitsje yn Sleat' oant stedsgesicht op Ljouwert

Ljouwert troch de eagen fan Vermeer
Ljouwert troch de eagen fan Vermeer © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De eksposysje 'Fr11slân door de ogen van Vermeer' is, neidat it yn it Vermeer Centrum yn Delft te sjen wie, no ek yn ús provinsje.
It skilderspear Randolph Algera en Gabriëlle Westra fan It Hearrenfean hat alve stedsgesichten of portretten makke yn de styl fan Vermeer. Mar dan mei eigentiidske of futuristyske eleminten.
De iepening fan de eksposysje wie yn it Fries Museum.
By de iepening fan de eksposysje yn it Fries Museum
By de iepening fan de eksposysje yn it Fries Museum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It is in mienskipsprojekt yn gearwurking mei LF2028/Arcadia IIS. Minsken en lokaasjes binne oandroegen troch oaren.
"Dat was ook meteen het moeilijke van onze opdracht", seit Randolph Algera. "Want we hebben het niet zelf verzonnen. Het is niet zo dat ik zelf op zoek ging naar huizen. Je liep met mensen langs de gebouwen en die zeiden: dat hoort daarbij en dat moet daar. En daar moest ik dan proberen mijn verhaal in kwijt te kunnen."

Strjitsje yn Sleat

By Sleat bygelyks makke Algera fan it 'Straatje van Vermeer' in 'Strjitsje yn Sleat'.
Strjitsje yn Sleat, fan Randolph Algera
Strjitsje yn Sleat, fan Randolph Algera © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Ik heb in Sloten een pand gezocht waarvan ik dacht dat het een beetje de structuur en de vorm heeft zoals je dat ook op het schilderij ziet. Dat heb ik naast elkaar gezet. Alleen de steegjes stonden niet zo mooi, dus die heb ik ergens anders uit Sloten weggehaald en die heb ik ertussen geplaatst."
Op de achtergrûn stiet it fabryk, mar dy is feroare yn in enerzjyfabryk. En dan wer yn de foarm fan de húskes op it doek fan Vermeer.
Gabriëlle Westra en model Gre by it skilderij 'Gre, de Astronoom'
Gabriëlle Westra en model Gre by it skilderij 'Gre, de Astronoom' © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fia brieven oan gemeenten en boargemasters socht it skilderspear yn eltse Fryske stêd kontakt mei wiken en modellen, dy't gewoanwei net sa yn de belangstelling steane. De nominearre buerten en bewenners binne skildere à la Vermeer.

Modellen út de mienskip

Algera rjochtet him mear op arsjitektuer en Gabriëlle Westra makket portretten. Sa makke se fan twa skilderijen fan Vermeer, 'De Geograaf' en 'De Astronoom', in nij portret mei de namme 'Gre, de astronoom'.
Se hat foar in frou keazen yn stee fan in man, sa't dat by Vermeer is. "Gre hat 37 jier stedsgids west yn Frjentsjer. Dus as ien entûsjast is oer de stêd, dan is it Gre wol", fertelt Westra. Se fûn it bysûnder om te wurkjen mei modellen, dy't de mienskip sels foardroegen hie.
Johannes Vermeer (1632-1675) fan Delft is in wrâldferneamd Nederlânsk master mei in lyts oeuvre. Der binne mar 37 wurken fan him bekend. Hy is wrâldwiid bekend as de master fan it ljocht. 'Gezicht op Delft', 'Het Melkmeisje' en 'Meisje met de Parel' hearre ta syn bekendste wurken.
Yn 2022 diene Algera en Westra mei oan in groepstentoanstelling yn de Alde Tsjerke en yn it Vermeer Centrum yn Delft. Grutte nammen yn de hjoeddeiske skilderwrâld as Henk Helmantel, Rein Pol en sy as laureaten fan de Prix de Norvège makken spesjaal foar dizze tentoanstelling nij wurk.
2023 wie it jier fan Vermeer. It Rijksmuseum hie alle wurken fan oer de hiele wrâld byinoar brocht.
Stedsgesichten fan Harns, Boalsert en Sleat
Stedsgesichten fan Harns, Boalsert en Sleat © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn it Vermeer Centrum binne alle 37 skilderijen as reproduksje te sjen en is der in hiel soad ynformaasje. Dat dêr de alve skilderijen mei Fryske eleminten by kamen, wie neffens direkteur Herman Weyers in boppeslach. "Dat was heel leuk om te hebben."
Minsken reagearren der hiel posityf op, seit Weyers. "Natuurlijk de mensen van Delft en de bezoekers van het Vermeer Centrum. Maar ook de Friezen die speciaal uit Friesland kwamen om bij ons in Delft te komen kijken."
Boargemasters, direkteuren en oare pommeranten iepenje de tentoanstelling
Boargemasters, direkteuren en oare pommeranten iepenje de tentoanstelling © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dizze keunstsinnige Alvestêdetocht giet by de Fryske stêden del. Dan komme der ek aktiviteiten by as rûnliedingen, stylkeamers en lêzingen.