Esther fan Aldskoat as 'Meisje met de parel' yn it Mauritshuis te sjen

Het Mauritshuis rôp keunstners op in wurk te meitsjen, ynspirearre op it 'Meisje met de parel' fan Johannes Vermeer. Ut hast 4.000 ynstjoeringen waarden 170 keunstwurken selektearre. Fjouwer dêrfan komme út Fryslân wei.
Dit jier stiet yn it ramt fan Johannes Vermeer. Nea earder wiene der safolle skilderijen fan de ferneamde skilder yn Nederlân te sjen. Yn it Rijksmuseum yn Amsterdam binne 28 skilderijen byinoar brocht foar in grutte útstalling, mar ek oare musea profitearje mei.
Foar Reiny Bourgonje wie har adoptearre muoikesizzer Esther van Halderen fan Aldskoat in ideaal model
Miskien wol it meast ferneamde skilderij is 'Meisje met de parel', dat om 1665-1667 hinne skildere is en dat hjoed-de-dei yn Het Mauritshuis hinget.
Dit museum die ferline jier in oprop oan keunstners fan oer de hiele wrâld om har eigen fariant te meitsjen fan it klassike skilderij. Om't it echte 'Meisje met de parel' tydlik yn it Rijksmuseum hinget, kinne de ynstjoerde keunstwurken in ferfanging wêze.

Under de ynstjoeringen dus ek fjouwer Fryske. Neist wurk fan Saskia Wagenvoort en Erikjan Koopmans fan Ljouwert, Jolanda Siemonsma fan Snits en Kalkidan Wedman fan Wurdum is is ek in foto fan Reiny Bourgonje fan It Hearrenfean útkeazen.
Yn totaal kamen der ynstjoeringen út 69 lannen. Neist tradisjoneel skilderwurk is der ek fan oare materialen gebrûk makke, lykas keramyk, tekstyl, blommen, neam it mar op.
Esther is myn muze, sy wit gewoan hoe't se sitte moat.
Foar Reiny Bourgonje wie har adoptearre muoikesizzer Esther van Halderen fan Aldskoat in ideaal model. "Esther is myn muze, sy wit gewoan hoe't se sitte moat", seit Reiny Bourgonje yn har studio yn Museum Heerenveen.

Sûnt Esther út Nigearia nei Fryslân kaam is, hat Bourgonje in soad mei har wurke en sa in moaie fotokolleksje makke. It hat fertuten dien, want it wurk mei Esther falt yn de prizen. "Wy winne de iene nei de oare priis, no al in stik as 15."

En no is harren ferzje fan 'Het meisje met de parel' dus ek nochis keazen om út te stallen yn Het Mauritshuis yn Den Haag. "Dat vind ik heel leuk", fertelt Esther, "Ik was heel blij dat ik heb gewonnen."
Fan 8 maart ôf is it wurk 'Black Pearl' te sjen. "Dan ga ik met mijn familie erheen, heb ik veel zin in. Ik kan bijna niet wachten."