Twa Fryske keunstners yn Vermeer Centrum: "Fryslân promoatsje yn Delft"

Gabriëlle Westra foar har keunstwurk oer Frjentsjer © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Der wurdt hurd wurke yn it atelier fan keunstners Gabriëlle Westra en Randolph Algera op It Hearrenfean. Se binne dwaande mei de lêste skilderijen foar de tentoanstelling 'Fr11slân, door de ogen van Vermeer.'
It begûn mei in groepstentoanstelling yn de Oude Kerk en it Vermeer Centrum yn Delft. Sa komme de beide keunstners yn 'e kunde mei de direkteur fan it Vermeer Centrum.
Hy freget oft se net in duotentoanstelling dwaan wolle. Ut de kultuerorganisaasje Arcadia wei is der de winsk om de mienskip derby te belûken en sa ûntstiet 'Fr11slân, door de ogen van Vermeer.
De âlve steden troch de eagen fan Vermeer
Foar keunstner Randolph Algera is it in moaie put. "Voor ons was het eenvoudiger om naar de Friese steden te gaan, zoeken naar het plaatje van Vermeer." Mar troch de mienskip deryn te belûken, krijt it in djippere laach.
"Het is ook toekomst, niet alleen maar verleden. Dat vraag ik de mensen ook: hoe zien jullie de stad in de 22ste eeuw?" De antwurden dy't hy dêrop krijt, besiket hy te ferwurkjen yn it skilderij. "En dan toch nog proberen de sfeer van Vermeer te bewaren, een hele klus."
De poartsjes binne net dy út Delft, mar fan Sleat © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
It Vermeer Centrum Delft is in belibbingsplak. Alle replika's fan de wurken fan Vermeer binne der te sjen. Ek wurdt der útlis jûn hokker materialen de skilder brûkte en oer de restauraasje fan syn skilderijen. It sintrum is fêstige yn it hert fan Delft, dêr't Vermeer weikaam.
Gabriëlle Westra makket fiif portretten. Troch it wurk fan Vermeer te bestudearjen, leart sy in protte. "Hoe't hy de details suggerearret mei in pear stippen en hoe't hy wurket mei ljocht en tsjuster."
Yn har keunstwurk fan de húskeamer fan Eise Eisinga is dat goed te sjen. "Ast sa'n rút deryn setst, wêr skynt it ljocht allegear op en hoe giet dat troch in hiel skilderij hinne?"
Randolph Algera wurket oan syn ynterpretaasje fan 'Het straatje van Vermeer' © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
By de tentoanstelling wurdt ek in boek makke mei de ferhalen fan de mienskip.