Natuer yn De Houtwiel betiid wekker: "Stik earder as 40 jier ferlyn"

Jacob Bijlsma
Ald-boskwachter Jacob Bijlsma © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
In hazzenút mei katsjes deroan en in pearske dôvenettel dêr't al kleurige knopkes oan sitte. De maitiid is oanbrutsen yn moerasgebiet De Houtwiel by Broeksterwâld. It byld bûten komt lykwols net oerien mei de kalinder.
"It is net gebrûklik datst dy soarten no al sjochst", seit âld-boskwachter Jacob Bijlsma. Yn syn hannen hat er in boskje bûtergieltsjes, mei giele knopkes deroan. "Doe't ik hjir 45 jier lyn kaam te wenjen, bloeide dat yn maart. En no binne wy heal febrewaris. Alles is in stik earder as 40, 50 jier ferlyn."
En dat sjochst yn it hiele lân. Troch oprinnende temperatueren komt de natuer hieltyd earder ta libben. Yn de perioade fan 1940 oant 1959 wie it yn jannewaris gemiddeld 2,1 graden. No is de gemiddelde temperatuer yn dy moannen 5,4 graden.
Natuer earder yn bloei
"It bekendste maitiidsplantsje is fansels it snieklokje. En dit is hûnestang", wiist Bijlsma oan, wylst er by syn eigen bankje yn De Houtwiel stiet. Dat krige er nei syn ôfskied by Staatsbosbeheer, dêr't er fan 1979 oant 2010 wurke. Bijlsma wennet noch altyd yn in pleatske oan de râne fan De Houtwiel en ken it moerasgebiet as syn broeksbûse.
"Mar ien fan de opfallendste is it bûtergieltsje, it 'speenkruid'. Dat stiet faak oan de sleatskanten oan de kant mei sinne. No sitte der knoppen oan, mar it sil net lang mear duorje en dan sjochst in tekken mei giel yn de natuer. Ast sjochst hoe moai oft dy no al bloeit... Dat binne de betide maitiidstekens."
Jacob Bijlsma
Bijlsma lit sjen hokker soarten no al bloeie yn De Houtwiel © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Moai om te sjen, mar ferfelend foar minsken mei bygelyks heakoarts. "Dit binne de manlike katsjes fan de hazzenút", wiist Bijlsma oan yn tûkjes dy't er yn de hannen hat. "It stomoal komt dêr aanst út. In soad minsken ha der lêst fan."

Iene bist hat it makliker as it oare

Bisten fiele de gefolgen fan it wekker wurden fan de natuer ek. "Foar bisten dy't oerwinterje, is it net goed. Stikelbaargen wurde te betiid wekker en dan is der noch gjin iten. De deipau-each, in flinter, oerwinteret yn de skuorre. Mar troch hegere temperatueren komt dy alwer nei bûten ta."
Der binne soarten dy't har makliker oanpasse. "De blokfink, de klyster en de bûnte lyster falle my op. En ik hearde ek al in houtdo en in markel. Dy meitsje no pearlûden. As sy ien kear in partner ha, dan meitsje sy lûden om har territoarium te ferdigenjen."
Moerasgebied Houtwiel
Moerasgebiet De Houtwiel © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
De Houtwiel is in moerasgebiet, dat himsels aardich goed op temperatuer hâldt trochdat de wetterstân der stabyl is. De gefolgen fan klimaatferoaring binne dêr minder yntins as yn oar soart natuergebieten, mar dochs ûnmiskenber, neffens Bijlsma.
"Dat komt troch ekstremen yn de natuer: hegere temperatueren, fûlere stoarmen. It klimaat hat ynfloed op de natuer yn syn totaliteit. Mar it bysûndere oan de natuer fyn ik dat dy him wol wer oanpast. It is net sa dat in bepaalde soart no útstjert."
Knopke oan een els
In knopke oan in els © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Hoe't De Houtwiel der oer tsientallen jierren útsjocht, fynt Bijlsma lestich te foarsizzen. "Ik tink net dat dy temperatueren wer omleech gean, mei alle gefolgen dy't je je yntinke kinne. Hoewol't ik hoopje fan net."
De âld-boskwachter besiket it dochs sinnich yn te sjen. "It betsjut ek dat der mear maitiid is om fan te genietsjen. Dus gean derút en ferset de sinnen, want de natuer kin dy der wer boppe-op helpe."