Fiskers helje mear as 20 ton oan 'ferbeane' fisk út Waadsee

In fisker is dwaande yn de spuikom fan Koarnwertersân
In fisker is dwaande yn de spuikom fan Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der is gjin natuerwetfergunning foar spjirringfiskerij, mar dochs helje fiskers it bist mei tonnen tagelyk út de Waadsee.
Allinne yn jannwaris al is der mear 23 ton spjirring út de Waadsee helle. Dat docht bliken út sifers fan de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland.
De fiskers sizze dat it legaal is, omdat de spjirring as byfangst ûnbedoeld oan board komt wylst se op garnalen fiskje. De Vogelbescherming is it dêr net mei iens.
Spjirring
In spjirring © Shutterstock
"Hier wordt een aangepaste manier van vissen gebruikt die specifiek wordt toegepast om grote aantallen spiering te vangen. Dat komt neer op een gerichte visserij op spiering en dat valt duidelijk buiten het bereik van de (verlopen) natuurvergunningen die zijn verleend aan de garnalenvissers en de gedoogbesluiten van de minister", seit in wurdfierder fan de fûgelbeskerming.
De fiskers ûntkenne dat se spesjaal op spjirring fiskje. "Wij vissen gewoon op garnalen", seit ien fan de fiskers, fan wa't de namme by de redaksje bekend is.
De spjirring is in lyts fiskje dat likegoed yn swiet as sâlt wetter foarkomt. De fiskjes binne bygelyks yn Frankryk in delikatesse.
Mar neffens Vogelscherming Nederland hawwe fûgels de spjirring hurder nedich: it tastean fan dizze fiskerij soe de itensfoarsjenning fan fûgels yn gefaar bringe.
It is wol opfallend dat de fiskers bytiden hiel yntinsyf yn de spuikom fan de spuislûzen fan Koarnwertersân fiskje.
Der sitte suver oeral garnalen yn de Waadsee, mar dy kom is ien fan de plakken dêr't spjirring him sammelet om nei de Iselmar te swimmen. Dêr paaie se.
Spjirring2
Op de webside fan Shiptracking.com is de koers fan dit fiskersskip te sjen. Dêrút blykt dat der yntinsyf fiske wurdt yn de spuikom fan Koarnwertersân © Shiptracking.com
Neffens de Vogelbescherming giet it om fjouwer skippen dy't op dizze wize op spjirring fiskje. Fan trije skippen hat Omrop Fryslân sels fêststeld dat sy yn elts gefal op plakken fiskje dêr't je in soad spjirrings fange kinne.
Foar fûgels is dat in grut probleem, seit de fûgelbeskerming. "Het toestaan van deze visserij brengt de voedselvoorziening in gevaar van onder meer de aalscholver, fuut, grote zaagbek, middelste zaagbek, nonnetje, dwergmeeuw, visdief en zwarte stern. En dat in de Waddenzee en het IJsselmeer, beide Natura 2000-gebieden."
We zijn gewoon bezig ons vreten te verdienen
Fisker
Neffens de fisker docht er it net oars as oars: "We zijn gewoon bezig ons vreten te verdienen. Ik vind het wel bijzonder dat we nu telefoontjes krijgen omdat we in die kom vissen. Vragen ze jou ook wel eens hoe je aan je geld komt?"
En oer it fiskjen yn de spuikom: "We proberen het er gewoon." Dat er spjirring oan board hat, ûntkent er net, mar hoefolle wol er net sizze.
De Vogelbescherming fynt dat de fiskers direkt ophâlde moatte mei it fiskjen op dizze wize. De organisaasje hat it ministearje fan Lânbou dêr op oansprutsen. Yn desimber hie dy organisaasje noch suksesfol berop oantekene tsjin de natuerwetfergunning foar spjirringfiskers.
Nei fragen fan Omrop Fryslân lit it ministearje fan Lânbou witte "dat we de zaak nader bestuderen". In ynhâldlike reaksje kin it ministearje "op dit moment" net jaan.