Spjirringfiskerij by Ofslútdyk foarearst stillein troch rjochter

Fiskers meie foarearst gjin spjirring mear fange by de spuislûzen fan Koarnwertersân en Den Oever. De Vogelbescherming is benaud dat fûgels yn it gebiet der minder troch te fretten ha. De rjochter docht dêr ynhâldlik gjin útspraak oer, mar leit de fiskerij earst wol stil.
© Shutterstock.com (Venediktov Vladimir)
De Vogelbescherming fjochtet by de rjochtbank de fergunning oan dy't fjouwer fiskers fan it ministearje fan Natuer en Stikstof krigen hawwe foar it fiskjen op spjirring by de spuislûzen yn de Ofslútdyk.
Spjirring is op dit stuit noch oanwiisd op de spuislûzen om fan de sâlte Waadsee nei de swiete Iselmar te lûken. Allinne yn dat swiete wetter kinne sy har fuortplantsje.
In spjirring © Shutterstock.com (Ajstudio Photography)
De natuerorganisaasje is benaud dat it fiskjen neidielich útpakt foar fûgels yn de Iselmar, dy't spjirringen frette en dêrmei ek foar har fuortbestean.
It ferlienen fan de fergunning is neffens de Vogelbescherming nuver mei it each op de ynspanningen fan it ministearje foar de komst fan in fiskmigraasjerivier. Dat moat yn de takomst it plak wêze foar fisken dy't fan de Waadsee nei de Iselmar wolle en oarsom.

Yn ôfwachting stillein

De rjochtbank sil op in letter momint it beswier fan de Vogelbescherming ynhâldlik beoardielje, dêrfoar sil ek ynformaasje fan saakkundigen frege wurde oer de gefolgen fan de fiskerij foar de fûgels. Omdat de rjochtbank net wis is of dy gefolgen der al of net binne wurdt de fiskerij stillein, yn ôfwachting fan de ynhâldlike behanneling.
It stillizzen jildt oant 15 maart 2022, nei dy dei mei der neffens de fergunning al net mear op spjirring fiske wurde. De fiskers meie fan de rjochter noch wol it gebiet yn om yn de gaten te hâlden hoefolle spjirring der krekt sit. Dy gegevens moatte se neffens de fergunning oanleverje.