'Untknikke' as nijste trend yn de skûtsjewrâld, hoefier mei ynnovaasje gean?

Klaas van der Meulen op it skip mei deselde namme
Klaas van der Meulen op it skip mei deselde namme © Martin de Jong
It is in yngreep dy't by meardere skûtsjes te sjen is: it 'ûntknikken'. Op dit stuit wurdt dat útfierd oan it Wâldseiner skûtsje Klaas van der Meulen. De skûtsjes fan Grou, Ljouwert en Akkrum binne it skûtsje al foargien.
Je kinne wol prate fan in trend yn de skûtsjewrâld fan de SKS. Meardere skûtsjes litte dizze yngreep oan harren skûtsje útfiere, mei fansels mar ien doel: it rapste skip kreëarje.
Yn guon skûtsjes is in 'knik' oanbrocht. Dat soarget derfoar dat in skûtsje de foarm fan in soarte banaan hat, om it oerdreaun te sizzen.
Dat skûtsjes knikt waarden, kaam mei om't se ferlinge waarden. Dan soarget de knik derfoar dat it skûtsje de bûgde line (de 'zeeg') folget. Wannear't kop en kont dêrtroch heger op it wetter komme te lizzen, botst de kop net tsjin de weagen oan de foarkant en lit de kont it wetter better los. Dat betsjut minder wjerstân, wêrtroch't it skip rapper is.
It is geunstiger wurden om de knik fuort te heljen. Dat komt trochdat de nije formule foar it berekkenjen fan it maksimale seiloerflak keppele is oan ûnder oare hoe djip it skip yn it wetter leit. Troch it ûntknikken wurdt de wetterline langer en dêrtroch komt it skip minder djip yn it wetter te lizzen.
Sa dus ek it skûtsje Klaas van der Meulen, fan Wâldsein. Op it stuit wurdt oan it skûtsje wurke by Multiship yn Harns. Healwei maart hopet skipper Klaas van der Meulen dat it skip wer it wetter yn kin.
Dêrnei kin it skûtsje op 'e nij metten wurde en dan pas sil bliken dwaan hoefolle ekstra kante meter de ferbouwing opsmiten hat. De hoop is dat dat fiif kante meter is, mar dat bliuwt noch efkes spannend.

'Te folle sleutele oan skûtsjes'

It 'ûntknikken' bliuwt net ûnbesprutsen yn de wrâld fan it skûtsjesilen. Age Veldboom, oprjochter fan it Skûtsjemuseum, fynt dat der in soad oan de skûtsjes sleutele is de ôfrûne jierren. Te folle, wat him oanbelanget.
"De skippers binne handich yn it omsilen fan de regels. Faak giet it sa dat de skippers earst oplossingen betinke om flugger sile te kinnen, wêrtroch't de regeljouwing alle kearen achterrint."
It moaie en tagelyk it drege is dat der gjin twa skûtsjes lyk binne. Dat is in swierrichheid foar in kompetysje: it is gjin ienheidsklasse, mar dochs wolle je dat se sa lyk as mooglik binne yn prestaasje om de wedstriid sa earlik as mooglik te krijen.
Age Veldboom by it Skûtsjemuseum
Age Veldboom by it Skûtsjemuseum © Omrop Fryslân, Cristine Kuiper
Neffens Veldboom soe eltse skipper frij bliuwe moatte yn it betinken fan sokke feroaringen, mar moat der net te folle oan de skûtsjes dien wurde.
Om dit te garandearjen soene feroaringen bygelyks earst oan it SKS-bestjoer foarlein wurde kinne. "Om de orizjinaliteit fan de skûtsjes te bewarjen."
As ien fan de skippen yn de kompetysje in feroaring oanbringt, is it kwea al bard, want dan wolle de oare skûtsjes ek.
In oerwinning is net te keap.
Age Veldboom
De yngrepen dy't dien wurde, kostje ek in soad jild. Mar hat it skûtsje mei it measte jild dan ek de bêste kâns om heech te einigjen?
Neffens Veldboom is dat net oan de oarder. "Om te winnen binne trije faktoaren fan belang. Je moatte in fluch skip hawwe, je moatte as team goed funksjonearje kinne en de taktyk is wichtich. Je kinne je oerwinning dus net keapje mei allinnich in rap skip."

Duorsume karren

Van der Meulen fynt dat der tûk mei jild omgien wurde moat. "Der moat wol in bytsje stabiliteit yn komme. Je sjogge it by de Formule 1 ek, in maksimaal bedrach dat útjûn wurde mei is hielendal net ferkeard."
It soe net allinnich om it jild gean, mar ek om duorsumens. Want as je mar ynnovearjen bliuwe, geane ûnderdielen ek mar efkes mei. Neffens Van der Meulen falle dêr ôfspraken oer te meitsjen. "Hjirtroch giet der minder guod ferlern en kostet it minder jild."

Takomst

It skûtsje Klaas van der Meulen wurdt wer klearstoomd foar de takomst en hooplik is it dan foarearst efkes klear mei ferbouwingen.
Skûtsje Klaas van der Meulen
It skûtsje Klaas van der Meulen © Omrop Fryslân, Cristine Kuiper
Sjen nei de takomst is foar Van der Meulen wichtich. Dochter Noa sylt bygelyks mei in soad wille al jierren mei. As dy famyljeline trochset, wurdt sy miskien de earste froulike SKS-skipper.
Oan ambysje ûntbrekt it by Noa net. "Ik fyn it silen hiel leuk. As de tradysje trochset, soe dat seker kinne. Dan soe dat hiel moai wêze."