Langwar giet yn 2024 de SKS-striid oan mei in âlde bekende

Langwar
Langwar © ANP
Langwar sylt yn it SKS-kampioenskip fan 2024 mei it skûtsje De Twee Gebroeders. De lêste jierren sylde skipper Harmen Brouwer foar Langwar mei De Jonge Jan. It bestjoer fan it Langwarder skûtsje tinkt dat de nije seilformule it skip genôch kâns jout om by de foarsten mei te dwaan.
Al in pear jier leit 'De Grutte Griene', sa't it skip ek wol neamd wurdt, wurkleas yn 'e opslach op De Gordyk.
Dêr is no feroaring yn kaam, want om it skip sa optimaal mooglik oan de start fan it kampioenskip te krijen, wurdt it skûtsje oanpast op de werf fan Jelle Talsma yn Frjentsjer.
Langwar giet yn 2024 de SKS-striid oan mei in âlde bekende
It skûtsje is dêr yntusken 'ontknikt'. Dat wol sizze dat de wetterline langer wurden is en de djipgong minder. Dat moat it skip rapper meitsje, mei noch wat oare oanpassingen. De ferwachting by Langwar is dat se sa'n tsien kante meter seil taheakje kinne, foar in totaal fan hast 190 kante meter.
"It is in swier skip, dus we moatte ek wat power hawwe om it skip foarút te beuken", laket skipper Harmen Brouwer.
It skûtsje fan Langwar op 'e werf yn Frjentsjer
It skûtsje fan Langwar op 'e werf yn Frjentsjer © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
"It izerwurk is hast klear, no moat er ûnderop noch wer strak plamuere wurde. Dêrnei sille we begjin jannewaris mei de bemanning yn Langwar oan de gong om derfoar te soargjen dat it skip troch de keuring komt."
De Twee Gebroeders is yn 1914 boud yn opdracht fan Rienk Zwaga út Langwar. Yn 1946, 1948, 1949 en 1950 waard Ulbe Zwage fjouwer kear kampioen mei it skûtsje.
Rienk Zwaga waard yn 1969 kampioen mei it skûtsje, dat yntusken eigendom wurden wie fan de Stichting Skûtsjes Doniawerstal. It lêste kampioenskip fan De Twee Gebroeders en fan Langwar, kaam yn 1980 mei Lammert Zwaga oan it helmhout.
"Kwa omfang is it net it meast spesjale en meast útdaagjende projekt. Mar it is wol ús histoarje: âlde klassike skippen", fertelt projektlieder Sjoerd Hofland. "Izerwurktechnysk is it foar ús net hiel spannend, mar it komt fansels wol op de milimeter."
De Twee Gebroeders moat yn maaie wedstriidklear wêze. Harmen Brouwer kin net wachtsje.
"De ambitie is om mei te dwaan yn de top. Ik wit net oft dat realistysk is, dat moatte we gewoan ôfwachtsje. We geane der wol foar, ik ha der alle betrouwen yn."