Skûtsjesilen foar dummies: dit moatst witte foar it SKS Kampioenskip

It skûtsjesilen stiet wer foar de doar. It grutte evenemint lûkt in soad minsken. Guon komme foar de sport, oaren foar it feest deromhinne. Foar de leek dy't oan de kant stiet kin it bêst wol yngewikkeld lykje. Hoe sit it tradisjonele sportevenemint ek alwer yninoar?
Alle jierren wurdt it skûtsjesilen organisearre troch de SKS (Sintrale Komisje Skûtsjesilen), oprjochte yn 1945. Der wurdt al jierren mei 14 deselde skûtsjes striden om de blauwe SKS-kampioenswimpel en it Sulveren Skûtsje. Dit jier wurdt it hâlden fan 5 augustus oant en mei 18 augustus.
Op de freedtejûn foar de earste wedstriiddei wurdt yn Grou de lotting hâlden foar de wâlstart yn Earnewâld en De Feanhoop. Yn Snits einiget it evenemint, twa wiken letter.
Skûtsjes binne âlde frachtskippen, boud oan it begjin fan de foarige iuw. Sy waarden brûkt om dong, turf en oar guod nei boeren ta te ferfieren. As der yn de simmer minder wurk wie, holden de skûtsjeskippers wedstriden. Alle húsried waard út it skip helle om flugger sile te kinnen. De hjoeddeiske skippers komme út âlde skippersfamyljes.
"De skûtsjeskippers moatte allegear út in famylje komme fan ien dy't berne is op in skûtsjeskip en dêr de kost mei fertsjinne hat", leit kommentator Eelke Dijkstra út. Doe't der lykwols te min skûtsjeskippers drigen te wêzen, waarden der oanpassingen trochfierd.
"Dy regels binne de lêste jierren aardich oprutsen. Earst wie it sa dat skippers allinnich út de line fan de heit komme mochten. No ek út de line fan de mem", seit Dijkstra.
Alle skûtsjeskippers binne op it stuit man, mar dat betsjut net dat froulju gjin skipper wurde meie. "It mei wol, mar it is oant no ta noch net bard."
It waar
Om goed sile te kinnen is it waar tige wichtich. Sa wichtich dat de SKS in Minwaarrie yn it libben roppen hat, in kommisje dy't de lokale wedstriidlieding advisearret oer oft it te min waar is om sile te kinnen.

"Faak is dat it gefal as der te min wyn is of as de wyn just boppe de wynkrêft 5 sit. Dan hat it noch mei in soad oare saken te krijen. Oft de wyn fan wâl of fan de mar komt bygelyks, oft it in buiïch karakter hat of stil, oft de skûtsjes op de Iselmar farre of by Earnewâld."
Mocht it waar te min wêze om te starten, dan advisearret de Minwaarrie op de rûtebesprekking moarns oft de wedstriid wol of net trochgiet.
Hoe wurket de skoare?
Skûtsjeskippers besykje sa min mooglik punten binnen te heljen yn de alve wedstriden dy't sy sile. Fan it puntetotaal wurdt de minste wedstriid ôflutsen.
Punten wurde útdield op folchoarder fan oankomst. It earste skûtsje krijt 0,9 punten, de twadde 2 punten, de tredde 3 punten, ensafuorthinne. Dijkstra: "Trochdat it earste plak 0,9 punten krijt en net ien, is in earste plak dochs mear wurdich en dat betsjut yn de folsleine skoare in ferskil."

Wa't net oer de finish komt, wylst it skûtsje noch hiel is, krijt 14 punten. Hat it skip averij (skea) oprûn yn de wedstriid en de finish wurdt net helle, dan krijt de skipper it tal punten fan it tal starte skûtsjes yn dy wedstriid.
Hat de skipper averij oprûn troch in flater fan in oare dielnimmer, dan krijt dy in trochsneed tal punten. Dat wurdt berekkene troch de punten yn alle wedstriden byinoar op te tellen en te dielen troch it tal wedstriden.
Skûtsjes en harren skippers
Skûtsje | Plak | Skipper |
Eildert Sietez | Akkrum | Pieter Ezn. Meeter |
Twee Gebroeders | Drachten | Jeroen Pietersma |
d'Halve Maen | Drachten (Philips) | Lodewijk Jzn Meeter |
Twee Gebroeders | Earnewâld | Sieberen van Terwisga |
Doarp Grou | Grou | Douwe Azn. Visser |
Gerben van Manen | It Hearrenfean | Sytze Brouwer |
It Doarp Huzum | Huzum | Johannes Hzn. Meeter |
Oeral Thús | Joure | Rinus de Jong |
De Jonge Jan | Langwar | Harmen Brouwer |
Rienk Ulbesz | Ljouwert | Willem Uzn. Zwaga |
Lemster Skûtsje | De Lemmer | Albert Jzn. Visser |
De Sneker Pan | Snits | Jappie Dzn. Visser |
Súdwesthoeke | Starum | Auke de Groot |
Klaas van der Meulen | Wâldsein | Klaas van der Meulen |
Kin in skûtsje net starte troch bygelyks skea oan it skûtsje, dan krijt dizze it tal punten fan it skip dat as lêst oankommen is. Betrapet in skipper in oare skipper op in oertrêding, dan kin dy yn protest gean. It skûtsje hyst dan in reade flagge en meldt it protest nei de wedstriid by de sjuery.
Griene flagge
Jout de sjuery de skipper gelyk? Dan krijt it oertrêdzjende skûtsje 14 wedstriidpunten. As in skipper it net iens is mei it beslút fan de sjuery, kin dy yn heger berop gean by de Sylrie.

Skûtsjewurdboek
Boppewynse tonne: de tonne dy't de skûtsjes as earste passearje. Dizze leit altyd yn de wyn yn ferhâlding ta de start.
Bakboard en stjoerboard: bakboard is links en stjoerboard is rjochts. It skûtsje dat it seil oer bakboard hat, hat altyd foarrang en it rjocht troch te farren. Ien fan de wichtichste regels om te witten, neffens Dijkstra.
Gribus: in ûnoersichtlike situaasje. benammen in bekende term om't kommentator Gjalt de Jong it op de radio in soad brûkt.
Krúsrak, foar-de-wynse rak en healwynse rak: rak betsjut in ôfstân. By it foar-de-wynse rak hat it skûtsje foar de wyn en kin yn in rjochte line nei de ton farre. By it healwynse rak moatte de skûtsjes heal yn de wyn sile. It krûsrak is it stik dêr't de skûtsjes nei de boppenwynse tonne sile, dat is tsjin de wyn yn en sy moatte dan yn krûskes sile.
Skifting: de wynrjochting feroaret, dat kin grutte ynfloed hawwe op in wedstriid.
By in tal oertrêdingen kin de oare partij lyk reagearje mei in griene flagge. Dat wol sizze dat de skipper syn skuld bekent. It slachtoffer kin akkoart gean troch de reade flagge fuort te heljen. De skuldige skipper krijt dan maksimaal trije ekstra wedstriidpunten.
Strafpunten
Strafpunten as gefolch fan in protest telle altyd mei foar it klassemint, dy meie net mear as minste resultaat beskôge wurde.

As der twa skûtsjes lyk steane oan de ein fan de rige, giet de oerwinning nei it skûtsje mei de measte earste plakken, dan it measte tal twadde plakken ensafuorthinne. As ek dat lyk is, wint de skipper dy't it earst oer de finish kaam is yn de lêste wedstriid.
IFKS
It Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen is in oare wedstriid. Hjir meie mear skûtsjes oan meidwaan en der wurdt syld yn meardere klassen. Dielnimmers hoege dus net diel te wêzen fan ien fan de 14 famyljes om meidwaan te kinnen. Yn 2022 diene der 61 skûtsjes mei oan it IFKS.
Yn Simmer yn Fryslân hâlde we dy op de hichte fan ferskate eveneminten yn de provinsje. Wolst hjir mear oer witte? Sjoch dan op ús Simmer yn Fryslân-side.