Lêste koerierster fan Fryske knokploech yn de oarloch ferstoarn: "Se wie sa sterk as in dyk"
Mei it ferstjerren fan Volie Schermer-De Jong is der net ien frou mear oer dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by de Fryske knokploech siet.
Frou Schermer-De Jong komt út Snits en is hûndert jier âld wurden. Se ferstoar dizze wike. Dat meldt Hessel de Walle, dy't in boek skriuwt oer Fryske fersetsfroulju.
Se wie se sa sterk as in dyk, seit er. "Doe't se 16 jier âld wie, ried se de Fryske Marretocht. Dat seit wol wat oer har krêft."
Se wie 19 jier âld doe't se aktyf waard yn it ferset. Op de fyts soe se alle dagen tsientallen kilometers ride om yllegale post ôf te leverjen.
"De brieven zaten in giro-enveloppen", sei se goed tsien jier lyn tsjin it Sneeker Nieuwsblad. "Die maak je niet open."
Sjitspul
Faak wist se net wat se yn de fytstas hie, mar ien kear wist se it wol. Se krige in doaske mei 'sjitspul' mei. "Dat spul rammelde verschrikkelijk." Se kaam in Dútske wachter tsjin. "Ik heb hem lief aangekeken, en mocht doorfietsen."
De âldste Fryske fersetsfrou dy't noch yn libben is, is Annie van Veldhuizen-van Harten. Mei har man wie se belutsen by in oerfal yn De Falom om apoteker Piet Gunster te befrijen. Van Veldhuizen wennet tsjintwurdich yn Velp (Gelderlân).
Dútsers hiene yn dy tiid gjin hege pet op fan froulju, seit De Walle. "Dy leauden net dat se ta sok ferset yn steat wiene." Dat is krekt de reden dat se it koerierswurk diene.
"In frou krige faak net mear as in skop ûnder de kont, as se al pakt waard. Benammen as se jong en moai wie. Dan wolle je se net oppakke, dan wolle je der in ôfspraakje mei."
"Ik leaude der net folle fan"
Doe't er oan it ûndersyk foar syn boek begûn, wist De Walle sels ek net dat de rol fan froulju yn it Fryske ferset sa grut wie. "Ik kin it wol earlik sizze: ik leaude der net folle fan."
Yntusken hat er 32 fersetsfroulju beskreaun. "Dan blykt de rol fan de froulju hast likegrut te wêzen as dy fan de mannen."
By it ferset wiene strange regels, seit De Walle. "Ien kear makke se in omwei, se woe de groetnis dwaan oan in freon fan ien fan de oare koeriersters. Doe't se werom kaam yn Snits stie Piet Oberman har op te wachtsjen."
Oberman wie in belangrike man yn it Fryske ferset. Hy hie ûnder oare de lieding oer de saneamde 'oerfal' op de Blokhúspoarte. Mear as 50 fersetsstriders waarden befrijd út de Ljouwerter finzenis, sûnder dat dêr in skot by lost waard. It is ien fan de spektakulêrste ûntsnappingen út de skiednis fan Nederlân.
"Oberman spruts har bestraffend ta, se moast har oan de regels hâlde. Wylst sy tocht dat se wat goeds dien hie, foar in freondinne. Mar as fersetsfrou mocht se net opfalle."
"Ik was nooit bang", sei frou Schermer-De Jong yn 2013. Har mem wie wol ûngerêst as se wer ris nei de spertiid thús kaam, mar sels seach se it gefaar net.
"Ik sliep ook altijd heerlijk. Maar wat wil je ook, als je de hele dag op de fiets zit."
Nei de oarloch waard dat oars. Doe kamen de spanningen nei boppen. "Ik had dat zelf nog niet door hoor, maar de dokter zei: 'meisje, meisje, wat ben je zenuwachtig'. Ik had er geen idee van, ik voelde me zo rustig als wat."
Oantinkens
Nei de befrijing gie Volie nei Amsterdam, dêr't se as ferpleechster oan it wurk gie. In pear jier letter gie se werom nei Snits, dêr't se har jeugdleafde wer moete. Jaap Schermer, út de Noorderhoek. Yn 1950 trouden se.
Se kamen yn it Westen te wenjen, mar nei syn pensjoen giene se werom nei Oppenhuzen. As se dêr mei ien fan de bern troch de omjouwing toerde, kamen de oantinkens altyd wer nei boppen.
En yn maaie waard se altyd ûnrêstich. "Ik denk dan aan iedereen die gesneuveld is."
Dochs soe se it sa wer dien ha, sei se tsjin de Ljouwerter Krante, doe't se 98 jier âld wie. "Het moest gebeuren."
De sitaten dy't fan Volie Schermer-De Jong yn dit artikel steane, komme út it Sneeker Nieuwsblad (2013) en de Ljouwerter Krante (2022). It boek dat Hessel de Walle skriuwt oer de Fryske fersetsfroulju leit yn april yn de winkels.