Omrop Fryslân

Leo út Dokkum wennet mei frou en bern yn Switserlân en giet der graach op út mei syn VW-buske

Leo mei Tanga, Edon Friso en Anne Benthe
© Eigen foto
Leo van der Boom (53) is grut wurden yn Dokkum, mar wennet mei syn frou Tanga, soan Edan Friso (17) en dochter Anne Benthe (16) sûnt 2019 yn it Switserske Zürich.
Mar dat wie net de earste bestimming fanút Dokkum. Dêrfoar wennen se in skoft yn België, it Dútsktalige part fan Switserlân en dêrnei ek yn it Frânsktalige part fan it lân, mar it Dokkumers praat Leo noch graach en faak.
De bern prate Nederlânsk, Dútsk, Frânsk, Ingelsk, Frysk. En it Dokkumers ferstean se prima!
Leo van der Boom
Al dy ferhuzingen hawwe derfoar soarge dat se allegear aardich wat talen sprekke: "De bern prate nei al dy ferhuzingen Nederlânsk, Dútsk, Frânsk, Ingelsk en Frysk", sa fertelt Leo. "En se fersteane ek it Dokkumers goed!"
Leo en syn frou Tanga binne echte wintersporters
© eigen foto
Leo wurket foar de belestingtsjinst, mar yn syn frije tiid is hy it leafst bûten: "Ik gean der it leafst op út, op de fyts, op skys of mei de berchskuon oan."
Se hawwe krekt in VW-buske kocht en dêr gean Leo en Tanga der mei op út. Se ride in ein, sette de bus del en gean dan de natuer yn.

Belestingen en btw

Leo oer syn wurk: "It is yntinsyf wurk en net echt in seksy ûnderwerp foar op in feestje, dus ik bin bliid dat ik yn myn frije tiid dingen doch dy't aardich binne om oer te fertellen."
As bern wie ik al oars as de oaren, ik liet my net yn in hokje pleatse.
Leo van der Boom
Leo is in soan fan in sigareboer út Dokkum, mar die as bern de dingen altyd al krekt even oars as in oar: "Ik lit my net samar yn in hokje pleatse."
Dat sjochst ek oan syn kar foar in stúdzje Russysk, al waard dat al gau rjochten en dan benammen belestingrjocht.
"Ik ha my spesjalisearre yn it btw-systeem en omdat dat oeral yn Europa itselde is, kin ik oeral wurkje."
In kuier yn de snie op de Flumserberg
© eigen foto
It is in serieuze baan mei serieus wurk, mar Leo is bepaald net in grize kantoarmûs: "Ik haw meastal in baseballpet op en in sinnebril, oars as oars dus!"

"Wachtsje net oant moarn"

Leo wie in fanatyk sporter. Hy gie foar grutte sportive útdagings, lykas triatlons, mar tsien jier lyn waard by him kanker konstatearre. Dêr is hy gelokkich fan genêzen.
Hy hat it sporten wer oppakt. Syn motto is dan ek: "Ast wat wolst, doch it dan en wachtsje net oant moarn."
Leo en Tanga mei de fyts derop út
© eigen foto
Leo kin weromsjen op prachtige sportive prestaasjes. Hy swom yn 2018 yn alle Fryske stêden twa kilometer mei Maarten van der Weijden op yn syn meunsterswimtocht by de alve stêden del. De oare etappes die Leo op de fyts en dravende.
En yn 2022 is hy fan it Switserske Zürich nei it Fryske Surch fytst, om sa jild op te heljen foar ûndersyk nei kanker.

Fytse fan Gouda nei Luxemburg en werom

No hat er in nije útdaging: op 3 april stiet hy oan de start fan de Borderline 700. Dan wurdt der 700 kilometer fytst fan Gouda nei de stêd Luxemburg en werom. En takom jier wol er meidwaan oan de Frysman. Der wurdt foar beide eveneminten folop traind.
Op sneintemoarn - mar allinnich as it moai waar is - fytst Leo mei in ploechje manlju. Hy neamt dat de 'oude mannen fietsclub', mar dat wol net sizze dat der net fanatyk fytst wurdt.
Leo mei syn 'oude mannen fietsclub' fan de sneintemoarn
© eigen foto
Se komme noch geregeld werom yn it Heitelân, nei de famylje en de freonen dy't hjir noch wenje. It foldocht poerbêst yn Switserlân, mar... "Se hawwe hjir gjin oranjekoeke en dêr bin ik gek op!"

Fakânsjebestimming Fryslân

Fryslân is dé fakânsjebestimming, de romte, de marren, dêr kin gjin tropyske bestimming oan tippe.
De famylje Van der Boom wennet no yn in appartemint yn Zürich, mar, sa seit Leo: "As de bern aanst foar de stúdzje nei Grins gean, wolle we graach in húske op it plattelân fan Switserlân keapje."

Wolsto ek fertelle oer dyn bûtenlânske aventoeren?

Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15.10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.