Omrop Fryslân

Abran Kooistra (17) makket freonen foar it libben yn Amearika: "Echt broederschap!"

Abran Kooistra út Ljouwert
© eigen foto
Abran Kooistra (17) út Ljouwert libbet syn dream as fuotballer yn Ohio Feriene Steaten, mar "het ultieme doel is het nationale elftal van Indonesië".
Yn july 2025 ferhuze Abran fan Ljouwert nei Mason City yn Iowa om dêr te studearjen, mar foaral om karriêre as fuotballer te meitsjen. En dat slagget oant no ta.
Hy folget mei in beurs oan it North Iowa Western Community College de oplieding om basisskoallelearaar te wurden, dat is in oplieding fan twa jier. It is in drok bestean: "Twee keer per week gaat de wekker om 5 uur, om 6 uur sta ik in de sportschool, dan naar school en daarna door naar de training."
Neist skoalle en fuotbal is Abran ek tutor op skoalle, hy helpt oaren mei it húswurk en hy wurket by in bedriuw dat eveneminten organisearret. Dêr helpt er dan by it opbouwen en ôfbrekken fan it poadium. In drok libben dus.

Freonen foar it libben

Abran wennet op de kampus en makket dêr freonen foar it libben: "Dat is echt broerderschap!" Syn maten komme fan oer de hiele wrâld: Amearika, Japan, Europa en Súd-Amearika en se hawwe mei elkoar in hiel soad wille.
Abran Kooistra mei syn maten op it fjild
© eigen foto
Abran fuotballet al syn hiele libben. Foardat hy nei Amearika gie, wie hy linksback by de JO-17 fan LAC Frisia 1883 en alle wedstriden gie hy der fol foar.
"Ik speel altijd alsof elke wedstrijd mijn laatste is." Yn Amearika docht er net oars: hurd traine om syn doel te berikken: proffuotballer wurde.
De Amerikaanse spelers zijn sterk en rennen hard, maar raken geen bal!
Abran Kooistra
It ôfskied fan Ljouwert wie net maklik, famylje, freonen en teamgenoaten bleaunen achter, mar hy wit dat se achter him stean: "Hun steun betekent alles voor mij. Zij geloven in mij en dus grijp ik deze kans met beide handen aan."
Abran Kooistra yn aksje op it fjild
© eigen foto
It aventoer foldocht oant no ta hiel bêst, ek al is it drok mei skoalle, traine en wedstriden spylje. Se hawwe no krekt winterstop hân, mar op 28 maart giet de kompetysje wer fierder.
It nivo is heech en foaral ek fysyk, Abran hat hiel wat oerkes yn de sportskoalle west om mear spieren te krijen en dus swierder te wurden.

Sterker is net altyd better

De iene tsjinstanner is hiel technysk en sterk, benammen as der bûtenlânske eks-profspilers by sitte, mar de ploegen dy't allinnich út Amerikanen bestean, bakke der neat fan. "De Amerikaanse spelers zijn sterk en rennen hard, maar raken geen bal!"
Yn it team fan Abran sitte ek spilers dy't prof west hawwe yn bygelyks Argentinië.
Ik wil laten zien dat je met hard werken en doorzettingsvermogen veel kunt bereiken, ongeacht waar je vandaan komt.
Abran Kooistra
De coach fan syn team is hiel tefreden oer him, syn hurde wurkjen wurdt miskien takom jier beleane mei de oanfierdersbân om de earm. Dêrmei soe er de jongste oanfierder wurde dy't se ea hân hawwe.
Abran Kooistra op it fjild
© eigen foto
Nei de earste twa jier hopet Abran dat hy trochstreame kin nei in fjouwerjierrige oplieding oan in universiteit en fia it fuotbalteam dêr syn grutte dream wier te meitsjen; útkomme foar it nasjonale alvetal fan Yndonezië.

Is Cambuur ek noch in opsje?

"Als ik geen plek kan krijgen op een universiteit ga ik eerst terug naar Nederland en ga weer voetballen bij LAC Frisia en dan hoop ik dat ik gescout wordt voor Cambuur."
Behalve dat er sels hiel fier komme wol as fuotballer, wol Abran ek oare jongeren ynspirearje: "Ik wil laten zien dat je met hard werken en doorzettingsvermogen veel kunt bereiken, ongeacht waar je vandaan komt."

Wolsto ek fertelle oer dyn bûtenlânske aventoeren?

Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15.10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.