Willemien gie nei Spanje om oliven te plukken en wol der no net mear wei
As Willemien Weerstra út Feanwâlden yn 2017 mei in ploechje kollega's fan it MCL in pear dagen nei Spanje giet om oliven te plukken, kin se net witte dat dêr har takomst komt te lizzen.
Willemien wurket op dat stuit as operaasje-assistint yn it MCL yn Ljouwert (no bekend as Frisius MC) en dat docht se dan al 25 jier. Oant it momint dat se tinkt: "Is dit wat ik wil of wordt het tijd om het roer om te gooien?"
Polonêze tusken de olivebeammen
It reiske mei de kollega's bringt har op it bedriuw fan Petro, dat klinkt Spaans, mar Petro is in Brabanner. Hy organisearret fytsfakânsjes en minsken kinne by him ek helpe by de olivepluk.
Willemien en har freondinnen hawwe it wakker nei it sin, alle jûnen is it feest en rinne se de polonêze tusken de olivebeammen.
Willemien fynt Petro in noflike keardel, mar der is dan noch gjin romantyske klik. Werom yn Fryslân hâldt Willemien wol app-kontakt mei Petro.
It jier dêrop freget Petro oft se in skoftke op syn hûn passe wol, hy wol graach mei fakânsje. Sa reizget Willemien opnij ôf nei Petro en dan ûntstiet der dochs wol wat mear.
De verkoop van mijn huis bracht de zaak in een stroomversnelling.
Willemien hat ûndertusken har hûs te keap setten en dat wurdt flot ferkocht: "Toen was het de vraag 'wat nu'?" Petro kin wol wat help brûke by syn bedriuw en Willemien wol graach wat oars, mar de fraach is oft der genôch is tusken har en Petro om de stap te weagjen.
Uteinlik hawwe se elkoar miskien krekt sân wike meimakke! Mar, it giet oan! Willemien weaget de stap en ferhuzet nei Petro yn Castalla.
Earst ûnbetelle ferlof yn it MCL
Se snijt net fuortendaliks alle bannen mei it wurk yn it MCL ôf en nimt earst ûnbetelle ferlof, mar úteinlik giet se nea werom nei de operaasjekeamer, har takomst leit definityf by Petro oan de Costa Blanca yn Spanje.
Undertusken binne we hast acht jier fierder en hat Willemien hielendal har draai fûn yn Spanje. Petro soarget derfoar dat de gasten ferfierd wurde, fan en nei it fleanfjild en fan en nei it start- en einpunt fan harren fytstochten. Willemien soarget derfoar dat de B&B goed rint.
De olivebeammen binne der fansels ek noch, der stean sa'n 100 stiks en de gasten kinne ek altyd noch helpe by de olivepluk.
Yn it begjin wiene de gasten meast minsken op de racefyts dy't de bergen yngiene om útdaagjende rûtes te fytsen. De Vuelta komt ek faak del yn dit gebiet, dus dat is in útdaging foar sportivelingen.
Publyk wurdt âlder, in racefyts wurdt in e-bike
Der komme noch wol racefytsers, mar ek hieltyd mear 70-plussers, dy't mei de e-bike de bergen yn gean. Jûns litte se harren hearlike fersoargje yn de B&B, want de reizen binne all-inclusive.
Willemien komt alle jierren noch in kear werom nei Fryslân. In goede freon út Ljouwert frege har oft se op syn hûs en kat passe woe en dat is no in jierlikse tradysje wurden.
Ik mis ook de vogels, de ganzen die overvliegen.
Al hoe goed Willemien it ek nei har sin hat yn Spanje, se mist Fryslân wol. Benammen de natuer, want dy is hiel oars yn Spanje. It is dêr berchachtich en rotsich, minder grien as yn Fryslân. "Ik mis ook de vogels, de ganzen die overvliegen."
Mar se mist ek har kollega's en dus is it fijn dat se alle jierren weromgiet, sadat se elkoar sjen kinne.
Wolsto ek fertelle oer dyn bûtenlânske aventoeren?
Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15.10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.