Friezen sitte oeral op de wrâld. Ferhuze foar de leafde, in dreambaan fûn oan de oare kant fan de oseaan, of ûnder it reizgjen hingjen bleaun yn de tropen: wat de reden ek west hat om it heitelân te ferlitten, der sit in ferhaal achter. En wy binne op syk nei dy ferhalen. Werom hast dyn lok earne oars socht? Wat hast fûn yn it bûtenlân? Wêr hast dy oer fernuvere? Hast wolris langstme nei Fryslân?
Yn it radioprogramma Goeiemiddei belje wy alle tiisdeitemiddeis mei in Fries om utens. De petearen tekenje we op yn in ferhaal mei jimme foto’s op ús website en app. Wennesto yn it bûtenlân en fynst it leuk at we dy ris belje? Of kinsto in Fries yn it bûtenlân? Mail namme, telefoannûmer en koart wat ynformaasje nei Goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Wy nimme dan kontakt op om ien en oar ôf te praten. Oant sjen!