Omrop Fryslân

Lotte fan Wurdum is dokter op twa tsjillen: sy fytst 7.000 km troch Afrika

Lotte Stoffels op de fyts troch Afrika
© eigen foto
Lotte Stoffels (30) komt fan Wurdum, mar is op dit stuit in ein fan hûs. Se is as dokter op 'en paad mei 35 avonturiers dy't 7.000 kilometer dwers troch Afrika fytse.
De start wie yn Caïro yn Egypte en de finish leit ein april yn Kaapstad.
De groep hat dan fjouwer moanne ûnderweis west.
Lotte Stoffels ûnderweis yn Afrika
© eigen foto
Lotte is oplaat as dokter ynternasjonale sûnenssoarch, earder waard dat tropedokter neamd.
Se hat earder twa jier op Kurasao wurke en de earste helte fan 2025 rûn se staazje yn Tanzania. No is se dus as ekspedysjedokter op reis troch Afrika.
Ik ha googele op 'vacature', 'geneeskunde' en 'expeditie' en dêr rôle dit bedriuw út.
Lotte Stoffels
Doe't de staazjetiid yn Tanzania der hast op siet, moast Lotte betinke wat se dêrnei woe.
Lotte: "Ik ha doe googele op de termen 'vacature', 'geneeskunde' en 'expeditie' en dêr rôle dit bedriuw út."
Lotte genietet folop fan al it moais yn Afrika
© eigen foto
TDA Global Cycling organisearret fytsreizen oer de hiele wrâld en sa reizget Lotte no as ekspedysjedokter mei troch Afrika.
Troch har ûnderfining yn Tanzania wie se bekend mei tropyske sykten.
Wy hawwe mear medysk ark by ús as wat in gemiddeld sikehús hat.
Lotte Stoffels
Yn Afrika binne de medyske foarsjennings nea sa tichtby as hjir yn Nederlân en ast ûnderweis bist, is dat noch wer yngewikkelder.
Dochs kin der mei sa'n groep samar medyske help nedich wêze. Dêrfoar reizget in grutte truck mei.
"We kinne de truck ombouwe ta ambulânse en hawwe in soad medyske apparatuer by ús, in soad medikaasje, mar ek soerstoftanks. Wy hawwe mear medysk ark by ús as wat in gemiddeld sikehús hat. We binne hast oeral op klear."
De truck mei de medyske apparatuer
© eigen foto
Der binne in soad gefaarlike bisten yn Afrika, lykas liuwen, mar dy foarmje net it grutste gefaar foar de ekspedysje.
"It grutste gefaar binne de miggen, dy't bygelyks malaria oerbringe, en slangen en skorpioenen. In byt fan sokke bisten soarget foar in soad pine en lêst", fertelt Lotte.

24 oeren deis yn it spier

Lotte is mei as dokter, mar fytst sels ek wol mei. En lykas elk oar kin sy har ek wolris net top fiele.
Dat barde dus ek: "Ik wie ferline wike lang net fit, mar doe moast ik wol in wûne hechtsje by ien fan de dielnimmers. Wylst ik dat die, waard in oar net goed. Dus, fit of net fit, it wurk giet altyd troch."
Lotte yn aksje as dokter
© eigen foto
De reis giet dwers troch Afrika en sa sjocht Lotte ek in hiel soad moaie dingen.
"Yn Egypte hie ik noch net earder west, we hawwe de piramides en de tombes fan Toetanchamon besjoen", fertelt se.
"Yn Tanzania binne we troch it Serengetipark fytst en we komme ek noch yn Zimbabwe en Namibië. Yn Zimbabwe sille we farre op de Zambezi-rivier en yn Namibië wyldkampearje."
Lotte Stoffels ûnderweis yn Afrika
© eigen foto
Lotte hat de tiid fan har libben op dizze reis. It is hurd wurkjen, mar se sjocht ek in hiel soad moaie dingen ûnderweis.
"It is it bêste fan twa wrâlden: wurkje en reizgje yn ien, wat wolst no noch mear?"
En hjirnei? "Dizze organisaasje organisearret in hiel soad sokke ekspedysjes, dus wa wit wat de folgjende wurdt!"

Wolsto ek fertelle oer dyn bûtenlânske aventoeren?

Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15.10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.