Gymseal Hylpen sloopt, mar in miljoen nei fuotbal yn Snits? Gemeenten moatte in kar meitsje
In lekkende gymseal, keunstgers dat los begjint te litten en in enerzjysloarpjend swimbad. Gemeenten moatte de kommende jierren tsientallen miljoenen euro's ynvestearje yn harren sportakkommodaasjes.
Yn it Klimaatakkoart fan de EU is ôfpraat dat gemeenten al it 'maatschappelijk vastgoed' yn 2050 klimaatneutraal hawwe moatte. In soad gebouwen binne lykwols ferâldere.
Alles yn ien kear oanpakke, is net helber. Dat soe 100 miljard euro kostje. Der moatte dus prioriteiten steld wurde.
Hoe stean de gebouwen derfoar?
Dat wit ek Súdwest-Fryslân. Dizze gemeente stiet foar in grutte opjefte. De gemeente telt 171 sportakkommodaasjes en is eigener fan in grut part dêrfan.
Om helder te krijen wat as earste oanpakt wurde moat, liet de gemeente ûndersyk dwaan nei alle binnen- en bûtensportakkommodaasjes en de swimbaden.
By de binnensportakkommodaasjes waard sjoen nei de steat, besetting, maatskiplike wearde en kosten fan de akkommodaasjes.
Gymseal Hylpen is ôfskreaun
De gymseal fan basisskoalle De Skulpe yn Hylpen krijt de leechste skoare. De binnenkant is resint fernijd, mar it gebou sels is technysk ôfskreaun.
"Het dak heeft problemen, we hebben lekkage gehad, er zijn rottende kozijnen en de douches zijn afgesloten", fertelt skoaldirekteur Lotte Wiersma. "Er is gewoon weinig onderhoud gepleegd de afgelopen tien jaar."
De gymseal wurdt allinnich brûkt troch de skoalle en hat neffens it ûndersyk fierder gjin maatskiplike wearde. Renovaasje kostet boppedat hast likefolle as nijbou.
Nei oare skoalle ta
It advys is dêrom om de gymseal ôf te stjitten of te slopen en de bern gymnastykje te litten yn omlizzende plakken. De gymseal is neffens de skoaldirekteur lykwols ûnmisber foar Hylpen.
"Ouders kiezen nu wel voor onze school omdat er een gymzaal is. Als je die niet hebt, zetten ze de kinderen misschien in Koudum op school." Leechrin dy't de stêd net brûke kin.
Mar der binne ek ferienings dy't wol op jild rekkenje kinne. De gemeente ynvestearret op it stuit yn Sportpark Tinga. Der giet hast oardel miljoen euro nei nije keunstgersfjidlen foar ONS en Sneek Wit Zwart.
Wêr giet it jild hinne?
Gemeenten besteegje elk jier 2,2 prosint fan harren budzjet oan sport. Foar dit jier komt dat yn Fryslân út op 65 miljoen euro. 75 prosint dêrfan giet nei sportakkommodaasjes.
Tusken 2017 en 2024 binne de kosten foar sport mei sa'n 12 prosint omheechgien. Benammen de enerzjykosten hawwe in swiere stimpel drukt op de eksploitaasje. Oant no ta waarden de hegere kosten kompensearre troch hegere hieren of in hegere yntree.
It is de fraach oft alle kearnen yn Súdwest-Fryslân harren akkommodaasje hâlde kinne. De gemeente wol dêrom dat de brûkers bydrage.
''In moai foarbyld is gymseal Stadsfenne yn Snits. Dy soe ek sloopt wurde", fertelt wethâlder Bauke Dam. "Mar mei it wykplatfoarm hawwe wy sjoen hoe't dy mear brûkt wurde koe. Dan is it it foar de gemeente ek wurdich om deryn te ynvestearjen."
Gymseal Raerd wer 'spic en span'
Dat barde ek yn Raerd. De gemeente woe fan de gymseal ôf, mar in groepke ûndernimmers makke in plan, gie mei subsydzjes oan 'e slach, regele in groep frijwilligers en no is de gymseal wer 'spic en span'.
De stichting dy't it doarp opset hat, regelet it ûnderhâld en de pleatslike gymnastykklup bûcht him oer de besetting. It geboutsje dat de gemeente slope woe, is hast altyd beset.
''Zelfs de school, die eerder was uitgeweken naar een buurtdorp voor de gymlessen, is weer terug. En dankzij de prima uurtarieven die we daarvoor krijgen, kunnen we de huur voor de verenigingen laag houden", fertelt Ymie Terwisscha van Scheltinga fan de stichting.
Dit jouwe gemeenten út oan sport
Fryske gemeenten jouwe gemiddeld 85 euro de persoan út oan sport. Dat wie yn 2017 noch 62 euro. De gemeenten jouwe dêrmei mear út as it lanlik gemiddelde: goed 71 euro.
Ynwenners fan lytse gemeenten jouwe 22,50 euro minder út as ynwenners fan gemeenten mei 100.000 ynwenners of mear. Dat is goed te ferklearjen. Gruttere gemeenten hawwe in sintrumfunksje en lûke ek minsken út lytsere doarpen.
Joost ten Bulte fan de Vereniging Sport en Gemeenten advisearret gemeenten om funksjes te kombinearjen. De GGD of dokter soene ek sprekoere hâlde kinne yn de sportkantine. ''Er moet ontzuiling plaatsvinden", sa seit Ten Bulte.
Romten diele
En kin it nije swimbad ek ferwaarme wurde mei waarmte dy't generearre wurdt op in keunstgersfjild? Kinne de tennisklup en de kuorballers net in dûsromte diele?
En as der wol in nije gymseal komme moat, tink dan ek oan de akoestyk, sadat de muzykklup der goed mei út 'e fuotten kin.
By nijbouplannen moat neffens Ten Bulte sjoen wurde nei wat nedich is yn in regio.
"Niet alle volleybalverenigingen spelen op een hoog niveau. Eentje in de gemeente is misschien ook goed genoeg. Dat scheelt in de bouwkosten en in de exploitatie."
Plannen en jildpotsjes moatte better kombinearre wurde en dan is der noch fan alles mooglik, tinkt Ten Bulte. ''Het gaat er uiteindelijk om dat het aanbod van activiteiten behouden blijft."
Ferkiezingsrige
Woansdei 18 maart geane we wer nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezingen. Omrop Fryslân sjocht hjirop foarút mei fiif ferhalen dy't troch de provinsje hinne spylje. Wat dogge gemeenten om minsken mei in smelle beurs te helpen, hoe giet it mei de wenningbou of krijt de kultuersektor noch wol genôch stipe fan de gemeente?