Omrop Fryslân

Gerda sit fêst yn Wolvegea: "Als ik ga verhuizen, moet ik weer naar de voedselbank"

Gerda út Wolvegea
© Omrop Fryslân
Gerda út Wolvegea wol hiel graach ferhuzje nei Akkrum, mar kin dan net mear rûnkomme. It is it gefolch fan grutte ferskillen yn it belied fan gemeenten oer minimaregelingen.
"In Akkrum wonen mijn zoon en mijn kleinkinderen en heb ik een sociaal netwerk, daar wil ik graag heen", fertelt de 62-jierrige Gerda.
"Maar door de verschillen in minimaregelingen van de gemeenten kan dit voor mij niet uit."
Afhankelijk van de benzineprijs weet ik het aantal kilometers wat ik kan rijden.
Gerda út Wolvegea
Gerda is ôfkard fanwege har reuma. Dat is seis jier lyn sa slim wurden dat se libje moat fan in útkearing. En dat is net maklik.
"Het is krap. Ik denk overal om. Ik heb bijvoorbeeld een budget voor 60 euro in de maand van benzine. Dus afhankelijk van de benzineprijs weet ik het aantal kilometers wat ik kan rijden."

Hertferskuorrend

Ien fan de dreechste mominten wie foar Gerda doe't se beslute moast gjin kado's mear te keapjen foar har beppesizzers.
Gerda moat rûnkomme fan in útkearing
© Omrop Fryslân
"De eerste keer dat ik dat besefte, was een hele harde binnenkomer. Mijn kinderen vinden het natuurlijk belangrijker dat ik er voor hun kinderen ben als oma, maar voor mij is het wel hartverscheurend."

Ferkiezingsrige

Woansdei 18 maart geane we wer nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezingen. Omrop Fryslân sjocht hjirop foarút mei fiif ferhalen dy't troch de provinsje hinne spylje.
Wat dogge gemeenten om minsken mei in smelle beurs te helpen, hoe giet it mei de wenningbou en krijt de kultuersektor noch wol genôch stipe fan de gemeente? Lês dizze ferhalen en folgje it ferkiezingsnijs hjir.
Ien fan de ferskillen yn minimaregelingen is dat de iene gemeente wol in AV Frieso soarchfersekering hat en de oare net. Gerda brûkt dizze spesjale soarchfersekering foar minima.
De gemeente Hearrenfean hat derfoar keazen om dat net oan te bieden. "Ik heb het uitgerekend en dat zou mij zestig euro per maand schelen."
Foar Gerda is sechstich euro in soad. "Het zou betekenen dat ik weer naar de voedselbank moet of ik mijn moet auto verkopen."

1.800 euro ferskil yn fergoeding

De gemeenten hawwe sûnt 2015 mear frijheid krigen om harren belied rûnom help foar minima foarm te jaan. It gefolch hjirfan is dat der grutte ferskillen binne per gemeente. Sa docht bliken út in ûndersyk fan Planbureau Fryslân.
By de Voedselbank kinne minsken mei in minimaal ynkommen iten ophelje
© Omrop Fryslân
Ferskillen yn fergoedingen kinne oprinne oant 1.800 euro yn it jier.

17.000 Friezen

Yn 2024 libben der hast 17.000 Friezen yn earmoed. Dat oantal giet foar it earst yn fiif jier wer omheech. Yn 2023 wie it hast 14.000.
As we sjogge nei yn hokker gemeenten relatyf sjoen de measte minsken yn earmoed libje, neist de Waadeilannen, binne dat Ljouwert en Smellingerlân.
Foar no liket Gerda har takomst der net hiel soad oars út te sjen as har libben no. "Ik kom elke maand rond. Dat is voor mij het belangrijkste. Maar het geeft wel stress."
Al hat se har der wol by dellein dat se net ferhuzje kin: "Door de beslissing hier te blijven wonen heb ik weer vrijwilligerswerk opgepakt en heb ik hier ook een sociaal leven."
Oer in dikke wike binne de gemeenteriedsrerkiezingen. Gerda wit as gjin oar hoe wichtich dat dy wêze kinne foar har situaasje.
Se sit, krekt as mei har jildsaken, der boppe-op en is oan it ûndersykjen hokker partij it meast opkomt foar minsken lykas har.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.