Earmoed yn Fryslân soarget foar skrinende gefallen: "De kachel stiet altyd út"
Fryslân is relatyf wer earmer wurden. It is in atypyske ûntwikkeling want sûnt 2018 daalden de earmoedsifers just. Dat blykt út sifers van it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).
Yn Fryslân is de earmoed foarich jier omheechgong fan 2,1 prosint nei 2,6 prosint. Dêrmei leit Fryslân noch altyd wol ûnder it nasjonale gemiddelde fan 3,1 prosint.
It giet om minsken dy't nei it beteljen fan de fêste lesten as wenjen, enerzjy en soarch, te min jild oerhâlde foar oare minimale libbensferletten.
"In húshâlding mei bern kiest dochs foar wat te iten", seit Douwe Beimin, foarsitter fan Platform Armoede en Schulden Fryslân (PAS). "Dan komt in soarchfersekering miskien wol op it lêste plak. Dat wurdt dan útsteld, mar oare moanne is der ek net mear jild. Dat is der gewoan net."
Hy sjocht yn de praktyk dat de earmoed allinnich mar tanimt. "Sjoch mar nei de prizen fan boadskippen. Dêr binne wy allegear tsjûge fan, dat rint út de klauwen."
De kachel bliuwt út
De stichting fan Beimin is in soad op strjitte en yn de buerten te finen. Dêr komme se alle dagen each yn each mei earmoed. "Wy hearre it in hiel soad fan minsken dat se net mear witte hoe't se rûnkomme moatte. It liedt ek ta mear stellerij yn winkels."
Wy komme in hiel protte yn húshâldingen dêr't earmoed is en do fernimst: de kachel komt net oan.
Ien fan de redenen dat foarich jier de earmoedsifers wer omheechgien binne is it ôfskaffen fan de enerzjytaslach. Beimin begrypt dat wol.
"Wy komme in hiel protte yn húshâldingen dêr't earmoed is en do fernimst: de kachel komt net oan. It is dêr faak kâld. De bern sitte mei allegear dikke truien oan."
Watfoar effekt hat earmoed op sûnens?
It CBS ûndersocht ek hoe't earmoed effekt hat op de sûnens fan minsken. Sa libje manlju yn earmoed gemiddeld njoggen jier koarter as minsken dy't it goed hawwe. By froulju is dat sân jier.
It PAS is dwaande mei in projekt tsjin paradontitis (ûntstekking fan it toskfleis). Dat kin liede ta folle slimmere sûnenskwalen en kin foarkaam wurde mei in besite oan de toskedokter. "Allinnich yn Ljouwert binne al 10.000 folwoeksenen en 5.000 bern dy't net nei de toskedokter komme. Dat hat gewoan mei jild te krijen", seit Beimin.
Sjoch hjir hoe't it yn dyn gemeente sit:
De gemeente Ljouwert is noch altyd ien fan de koprinners as it giet om earmoed yn Fryslân. Al daalde dat foarich jier wol fan 4,3 nei 4 prosint.
"We zien dat het percentage in kleine stapjes terugloopt", sjocht wethâlder Hein Kuiken. Dat hat neffens him te krijen mei ferskate faktoaren.
"Aan de ene kant de economische kracht van Leeuwarden, we hebben veel banen hier. Maar ik hoop toch ook wel dat ons intensievere armoede- en schuldhulpverleningsbeleid daar een beetje aan bijdraagt en ik heb goede reden om dat te denken."
Oant op de euro
De gemeente hat de ôfrûne jierren mear regelingen oanbean en dy ek tagonkliker makke en leechdrompeliger oanbean. Dochs woe Ljouwert noch witte wêr't der ferbettering te heljen falt. En dus joegen se it Nibud de opdracht ûndersyk te dwaan nei harren belied.
"Vaak zijn landelijke onderzoeken namelijk wat lastig beet te pakken. Ze zijn algemeen en zeggen niet zoveel over de lokale situatie. Het Nibud kon tot op de euro inzoomen", seit Kuiken.
Ut it ûndersyk die bliken dat Ljouwert al goed dwaande is mei de regelingen mar dat ien groep noch te min holpen wurdt.
"Dat zijn de alleenstaanden onder de AOW-leeftijd met hoge zorgkosten. We gaan kijken hoe we onze regelingen ook op die groep gaan inrichten."
Foar de Ljouwerters dy't mear witte wolle oer hoe't se it bêst holpen wurde kinne is de webside geldhulp.nl optsjûge. En oars binne ek wykteams beskikber om minsken by te stean. "Weet dat er mensen klaarstaan om je te helpen", seit Kuiken.
Kloof is grut
Beimin pleitet foar yngripende regelingen. "Wy moatte earmoed struktureel oanpakke, net allegear regelinkjes betinke om mar pleisters te plakken."
"Wy sjogge in enoarme kloof tusken earm en ryk en wy sjogge dy kloof allinnich mar grutter wurden. En wat we eins it slimste fine is dat de rike kant gjin poat útstekt nei de earme kant. De solidariteit is der gewoan net mear."
De foarútsjoggen lykje gelokkich in bytsje positiver. It Centraal Planbureau ferwachtet foar 2025 en 2026 wer in delgong yn earmoed. Lanlik soe dy útkomme kinne op minder as trije prosint.