Woansdei 18 maart geane we wer nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezingen. Op dizze pagina fynst alles wat mei dizze ferkiezingen te krijen hat.

Omrop Fryslân sjocht de kommende moannen foarút op de ferkiezingen mei tema’s dy’t troch de hiele provinsje hinne spylje. Hoe geane alle gemeenten bygelyks om mei earmoed en help foar minsken mei in smelle beurs? En hokker gemeente bout de measte wenten en wêrom kin der net mear boud wurde as no dien wurdt?

Livebloch

Op de ferkiezingsdei en -nacht kinsto de ûntwikkelingen fan minút oant minút folgje op omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Us ferslachjouwers binne op 'en paad om te sjen hoe't it by de stimburo's giet en sy helje de earste reaksjes as de útslaggen bekend binne.  

Fryslân Kiest

Fan 20.00 oere ôf begjint it radio- en telefyzjeprogramma Fryslân Kiest. Presintatoaren Jan Dirk de Haan en Simone Scheffer prate mei ferskate gasten. Der binne ferslachjouwers fan Omrop Fryslân en de gearwurkjende lokale omroppen Zilt, RTV NOF en Radio Spannenburg op 'en paad om te sjen by it tellen fan de stimmen en de ferkiezingsjûnen yn ferskate gemeenten.

Fryslân fan ‘e moarn

De deis nei de ferkiezingen bringe wy mei Fryslân fan ’e moarn fan 6.00 oere ôf live op radio en telefyzje it lêste ferkiezingsnijs. Hjir komme we mei (foarriedige) einútslaggen, reaksjes en analyzes. Wa binne de grutte winners en ferliezers? Hoe dogge de nijkommers it? En wat betsjut dit foar de gemeenten de kommende fjouwer jier?