Omrop Fryslân

Friezen fine huzekrapte it wichtichst by de ferkiezingen: "Bouwen dus!"

Posters foar de gemeenteriedsferkiezingen op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
It wenningoanbod, earmoed en kulturele foarsjennings: dat binne de ûnderwerpen dy't de Friezen dy't meidiene oan in peiling it measte dwaande hâlde.
De peiling waard holden troch Omrop Fryslân en de NOS, yn oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen.
Njonken de top trije waarden ek klimaat, feiligens op strjitte en it ûndernimmersklimaat geregeld neamd.
Gemeenten moatte hûzebou stimulearje, sizze dielnimmers oan de peiling
© Shutterstock
Gemeenten moatte dwaan wat yn harren fermogen leit om wat te dwaan oan de wenningkrapte, fine dielnimmers oan de enkête.
In ynwenner fan Dantumadiel seit dat hy noed hat oer it oanbod fan huzen: "Daar is grote behoefte aan. Bouwen dus."
De gemeente krijgt te weinig middelen
Ynwenner fan Opsterlân
In man út de gemeente Súdwest-Fryslân sjocht dat it oanbod stykjen bliuwt. Dat feroarsaket achterútgong oan foarsjenningen, fynt er.
Mar der is wol each foar dat de gemeenten it probleem net sels oplosse kinne.
"De gemeente krijgt te weinig middelen om dit op te lossen, maar is wel verantwoordelijk", seit in ynwenner fan Opsterlân dêroer.

Noed oer earmoed

Earmoedbestriding moat ek omtinken krije fan gemeenten, docht bliken út de reaksjes op de enkête.
In ynwenner fan Hearrenfean hat noed oer de besunigingen op de stipe oan minsken mei de smelste beurs.
Gemeenten soene sosjale wentebou stimulearje moatte om sa earmoed te bestriden, fynt in man út Weststellingwerf.
Een beetje pleisters plakken via wat regelingen.
Dielnimmer oan de peiling
Minsken binne it net altyd mei-inoar iens oer oft gemeenten genôch dogge.
"Een beetje pleisters plakken via wat regelingen, maar structureel gebeurt er niets", seit de ien, wylst in oar seit: "Er wordt veel ondersteuning gegeven op sociaal gebied."

Kultuer

Kulturele foarsjenningen is in ûnderwerp dat ek heech skoart yn de peiling fan Omrop Fryslân en de NOS. Minsken fine it belangryk dat dy yn stân bliuwe.
Kulturele foarsjennings binne belangryk, sizze dielnimmers oan de peiling
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Cultuur is nodig om de stad aantrekkelijk te houden voor jong en oud", seit in ynwenner fan Ljouwert.
Se binne belangryk omdat se minsken byinoar bringe, sadat se net fan elkoar ferfremdjze, seit in oare Ljouwerter.
Culturele voorzieningen zijn essentieel.
Ynwenner fan Eaststellingwef
In man út Eaststellingwerf fynt kulturele foarsjennings sels in betingst foar yntegraasje.
"Ze zijn ook essentieel voor een positieve levenshouding", seit er derby.

Ekonomy

Gemeenten hawwe in soad ynfloed op it festigingsklimaat. It is dan ek begryplik dat flink wat minsken ekonomy en wurkgelegenheid neamden as belangrike kwestjes.
"Ik wil een gemeente die begrijpt dat ze er is voor ondernemers en inwoners. Die helpt bij steeds moeilijk wordende regels", seit in ynwenner fan Hearrenfean.
De gemeente moat ûndernimmers temjitte komme, seit in ynwenner fan It Hearrenfean
© Frank Vink
In ûndernimmer út Ljouwert wol dat de gemeente ynset op it festigingsklimaat fan de stêd.
Ljouwert hat te krijen mei fergrizing en in brain-drain. Dêr moat wat oan dien wurde, fynt er.
In ynwenner fan Súdwest-Fryslân is kritysk: "Winkels in de binnenstad lopen leeg omdat het door de gemeente onmogelijk wordt gemaakt om iets anders te doen. Veel mag niet."

Grutsk op de gemeente?

Ien fan de fragen yn de enkête fan Omrop Fryslân en de NOS wie oft minsken grutsk binne op harren gemeente. De measten sizze 'ja'.
Foaral Ljouwert krijt in soad kompliminten. Saken binne goed regele en der wurdt in soad organisearre.
"Leeuwarden probeert zoveel mogelijk mensen mee te nemen", seit in ynwenner.
Ek it gemeentebestjoer krijt in fear yn de broek fan guon Ljouwerters: "Ik vind dat wij een krachtig gemeentebestuur hebben", en: "betrokken en zichtbare wethouders", sizze se.
Der is in soad te belibjen yn Ljouwert, lykas hjir op Keningsdei
© Kappers Media
Der binne ek krityske noaten. Sa seit in ynwenner dat de gemeenteried fierstente fier fan de minsken ôf stiet. En in oar fynt dat doarpen fan minder belang binne as de stêd.
De dorpen worden nog wel eens vergeten
Ynwenner fan Waadhoeke
Datselde gefoel ha minsken yn oare gemeenten.
Yn Noardeast-Fryslân leit sûnt de gemeentlike weryndieling de fokus foaral op Dokkum, wurdt sein.
In ynwenner fan Waadhoeke seit: "Wij zijn een gemeente met een stad en heel veel dorpen. En die worden nog wel eens vergeten.

Tefreden Friezen

De peiling fan Omrop Fryslân en de NOS wie bedoeld om de 'termometer' ris te stekken yn wat der libbet ûnder ywenners fan de achttjin Fryske gemeenten, mar net om hurde konklúzjes út te lûken.
Dochs falt op dat minsken oer it generaal tefreden binne oer harren gemeente, mear as oer de Haachske polityk.
De gemeente Waadhoeke hat it goed foar elkoar, seit in ynwenster fan dy gemeente
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Miskien wurdt dat gefoel noch wol it bêste gearfette yn de wurden fan in frou út Waadhoeke:
"Het gaat best goed! We hebben de meeste dingen wel goed op orde en er wordt bestuurd door prima partijen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.