Op wa wolsto stimme mei de gemeenteriedsferkiezingen? KiesKennis helpt dy
Hokker hokje kleuresto read by de gemeenteriedsferkiezingen en hoe makkest dy kar? It is somtiden tige lestich om te bepalen wêr't dyn stim hinne moat. Omrop Fryslân helpt dy dêrby.
Mei help fan AI hat Omrop Fryslân de chatbot 'KiesKennis' ûntwikkele. KiesKennis is in AI-chatbot dy't dy helpe kin mei it finen fan ynformaasje oer de stânpunten fan politike partijen foar de gemeenteriedsferkiezingen.
Do kinst dyn fraach hjiryn sette en de chatbot hellet de goeie ynformaasje út de 151 partijprogramma's en set dêrby ek it bestân derby dêr't it útkomt. Sa hoechst net sels troch alle partijprogramma's hinne te wrakseljen.
As foarbyld kinst bygelyks freegje: Ik kom út Tytsjerksteradiel en ik fyn sport in wichtich tema. Kinsto foar my útsykje wat elke partij hjiroer yn syn partijprogramma hat?
Soargen oer AI
In begryplike soarch by AI is dat systemen soms ynformaasje 'betinke' kinne. Dêrom is de technyk sa ynrjochte dat antwurden útslutend basearre wêze moatte op konkrete tekstfragminten út de kennisbank (dy't we sels folle ha). Sûnder relevante boarne wurdt der gjin ynhâldlik antwurd jûn.
Sjoernalistyk eksperimint
De chatbot is in eksperimint om te ûndersykjen hoe't AI bydrage kin oan de publike taak fan Omrop Fryslân. As regionale omrop wolle we ynwenners betrouber, ûnôfhinklik en begryplik ynformearje.
Haadredakteur Ingrid Spijkers ljochtet dizze kar ta: "In groep ûntwikkelders hat dit spesjaal makke foar de regionale omroppen. Mei as doel om minsken te helpen de ynformaasje te finen dy't nedich is om harren kar yn it stimhokje te meitsjen."
"We binne hiel benijd hoe't dizze Chatbot befalt by ús publyk en wêr't we saken ferbetterje kinne."
De sykhulp hat gjin frije tagong ta it ynternet en wurket allinnich mei foarôf selektearre dokuminten. Dat makket it risiko op ferkearde ynformaasje in stik lytser. Yn de omjouwing wurdt ek warskôge dat it gjin stimwizer is, mar allinnich in plak dy't ynformaasje foar dy sammelet.
Frysk
De chatbot is folslein yn it Nederlânsk om't de partijprogramma's ek yn it Nederlânsk binne. It is wol mooglik om in Fryske fraach te stellen.
KiesKennis advisearret net
Hoewol't KiesKennis soarchfâldich ûntwikkele is, kin AI flaters meitsje of ynformaasje net folslein sjen litte.
Dêrom moatte je by it brûken fan de chatbot derfan útgean: Brûk altyd dyn eigen oardiel: KiesKennis ynformearret, mar advisearret net.
Diel foaral dyn erfarings mei ús sadat Omrop Fryslân de chatbot yn de takomst better meitsje kin.