In pinne dy't alles ûnthâldt watst skriuwst: Marc Tuinier realisearret it yn San Francisco
De 30-jierrige Marc Tuinier fan Stobbegat (Vegelingsoard) hat in dream: in pinne dy't alles watst skriuwst gelyk digitaal opslacht yn in app. Sa rekkest dyn notysjes op papier nea wer kwyt.
Yn San Francisco besiket er dizze 'Nuwa Pen' fan de grûn te krijen. En dat liket te slagjen. Tuinier ferwachtet dat syn digitale pinne binnen in heal jier oant in jier op de merk is.
"We binne begûn mei it útleverjen fan de earste saneamde 'Alpha Batch'. De software moat earst trochûntwikkele wurde en dat dogge we mei ús klanten no. It soe net lang duorje moatte foardat de Nuwa Pen massaal útrôle wurdt."
Fallisemint kin dream keare
Positive wurden fan in entûsjaste ûndernimmer, mar in goed healjier lyn seach de takomst der folle minder roaskleurich út.
Tuinier hie in start-up yn Grins en besocht de Nuwa Pen op de merk te krijen, mar koe net genôch ynvestearders fine. Hy hie 40 minsken oan it wurk, mar moast it fallisemint oanfreegje.
It bedriuw wie der net mear, mar de dream bleau. Tuinier besocht it op 'e nij yn San Francisco. Op syk nei nije ynvestearders.
It begûn allegear doe't Tuinier sa'n fiif jier ferlyn wat oan it skriuwen wie en it briefke kwytrekke. "Dat bart my om de haverklap", laket er, "mar ik skriuw graach dingen op."
"Doe tocht ik: wat soe it moai wêze as der in pinne is dy't ûnthâldt wat ik opskriuw."
En sa is it idee ûntstien foar de Nuwa Pen. De pinne hat trije kamerakes om de punt hinne dy't alles watst skriuwst opnimme en trochstjoere nei in app. Dan kinst it bewurkje en opslaan.
Der wiene wol pinnen dy't wurkje mei spesjaal papier, mar dizze pinne fan Tuinier kinst oeral op brûke: elk kladblokje is geskikt.
Tuinier frege patint oan foar syn útfining en dat wie it begjin fan Nuwa Pen.
It is AI-dit en AI-dat. Dan tinkst: ja, ik sit hjir wol op it goeie plak!
Mar wêrom nei San Francisco? "Amearika hat dochs wat mear leffermogen foar dit soarte fan produkten", fertelt Tuinier.
"En San Francisco is op dit stuit it hert fan bedriuwen dy't harren dwaande hâlde mei AI, mei keunstmjittige yntelliginsje. It begjint al ast fan it fleanfjild komst: sjochst gelyk hiele grutte billboards. It is AI-dit en AI-dat. Dan tinkst: ja, ik sit hjir wol op it goeie plak!"
Mear noch as Silicon Valley, dêr't bedriuwen as Apple, Google en Meta sitte.
Neffens Tuinier is San Francisco in hiele futuristyske stêd. Dat sjochst bygelyks oan de selsridende auto's.
"Hiel apart", fertelt er, "It bliuwt wennen om neist in lege stoel te sitten, want it stjoer giet wol nei links en rjochts, it rempedaal giet op en del, mar der sit net ien. Mar hy bringt dy feilich fan A nei B."
Kennis en netwurk diele
Tuinier hiert in wurkplak yn de stêd op in plak dêr't allegear start-ups sitte, net fier fan de Golden Gate Bridge. Elts wurket oan in eigen projekt, mar makkest gebrûk fan inoars kennis en netwurk.
Dat hat fertuten dien, want Tuinier fûn nije ynvestearders en kin fierder mei de ûntwikkeling fan syn pinne.
Tuinier is derfan oertsjûge dat syn Nuwa Pen in grut sukses wurde sil. Hy hat him hielendal ferdjippe yn alles wat mei pinnen en skriuwen te krijen hat.
Miljarden minsken skriuwe
"We tinke dat alles digitaal wurdt, mar der wurde op dit stuit seis kear safolle pinnen ferkocht as yn 2000. Skriuwen is in essinsjeel ûnderdiel foar miljarden minsken."
Ek in hiel soad skoallen stappe wer ôf fan de tablets, leit er út. Want skriuwen docht wat mei dyn brein: ast skriuwst, dan ûnthâldst de stof makkeliker. As it dan ek nochris digitaal opslein wurdt, dan is dat neffens Tuinier enoarme winst.
Wolsto ek fertelle oer dyn bûtenlânske aventoeren?
Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15.10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.