Omrop Fryslân

Tuskenjier yn Amearika: supercool, mar soms ek ûnwennich

Lara Siderius
© Priveefoto
In jier allinnich yn Amearika tahâlde sûnder famylje. Dat dogge net in soad 17-jierrigen. Lara Siderius út Grou hat de stap wol set. It doel is úteinlik om derachter te kommen wat se wol yn it libben.
Lara helle it ôfrûne skoaljier it diploma VMBO-teoretysk op skoallemienskip Sevenwolden yn har wenplak Grou. Se wist net watfoar ferfolchoplieding se dwaan moast. In dosint kaam mei it idee fan in jier Amearika op 'e proppen. En dat idee hat se opfolge.
Twa moanne sit se no yn Amearika. Se wennet yn it plak Mays Landing yn 'e steat New Yersey. New York, Philadelphia en Atlantic City lizze dêr net sa fier wei, alteast foar Amerikaanske begripen.
Absegami High School, krekt as yn 'e film
© Priveefoto
Troch de wike giet se nei skoalle. De highschool is oars as Nederlânske middelbere skoallen, lit se ús witte. Fansels binne dêr de gongen mei rigen klûskes tsjin de muorren, bekend fan films.
Mar guon fakken binne ek oars. Sa is der bygelyks it fak 'midnight literature' dêr't horrorboeken en horrorfilms yn behannele wurde. Fierders moatte de learlingen folle mear yn it iepenbier diskusjeare. Debate neame se dat.

Supercool

Lara is entûsjast oer de skoalle. Supercool fynt se it. Datst by ferskillende fakken hieltyd by oare learlingen yn 'e klasse sitst, makket it der net makliker op om freonen te meitsjen.
It is har dochs slagge en dêr is se bliid om. Se hat nije freonen en ien goede freondinne. Gelokkich wol, want oars soe se wol hiel iensum wêze.
Les oer Osama Bin Laden
© Priveefoto
By de gastâlden dêr't se by yn 'e hûs wennet, hat se it ryk allinnich. As bern yn 'e húshâlding dan. Der binne gjin bruorren of susters.
Dêrfoaroer binne der wol in protte hynders yn har omjouwing. De gastfamylje hat in hynstehâlderij mei sa'n santich hynders. En dat komt goed út, want Lara is gek op hynders. Thús yn Fryslân hat se ek in hynder.
De hynstehâlderij Split Elm Equestrian
© Priveefoto
Bûten skoaltiid helpt se altyd mei by de hynders. Se berydt se, makket de stâlen skjin en jout de âldere hynders ekstra foer. Se sit dêr lekker op 'e hynstehâlderij. Alhoewol fier fan hûs, fielt se har op har plak.
"Ik heb het paradijs een beetje voor me alleen. Ik heb lieve mensen om me heen en ik vermaak me prima."
Hynderride op de 'ranch'
© Priveefoto
It is net altyd moai waar en it binne lange dagen. Njonken entûsjast is se ek wolris in bytsje ûnwennich: "Mijn hele leven heb ik eigenlijk nooit heimwee gehad. Maar ik vind het hier af en toe wel zwaar. Dan denk ik: ik wil naar huis."
Dan praat se dêroer mei har gastâlden en dy soargje derfoar dat se ôflieding hat. Salang't se ôflieding hat en net oan thús tinkt, is it goed.

Wolsto dyn ferhaal ek fertelle?

Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15:10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.
Wat se dit jier hopet te berikken? "Geen idee". Mar dan komt der dochs wat.
"Ik hoop mijn Engels te verbeteren. En ik hoop niet dikker te worden, want het eten is hier wel..." Se stûket efkes, laket en siket om de goede formulearring. "Het eten is hier niet heel gezond."
"En ik hoop dat ik, als ik thuiskom, weet welke school ik wil doen en wat ik wil worden. Dat is waarom ik dit tussenjaar heb gekozen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.