Wiebren wennet yn de 'moaiste stêd fan de wrâld': "Wy wiene ta oan noch ien grut aventoer"
Se wenje yn de moaiste stêd fan de wrâld. Alteast, dat seit in ferneamd Amerikaansk reisblêd. Wiebren Bergsma, syn frou Anke en harren bern Wigle en Jurre binne trije jier lyn delstrutsen yn de Meksikaanske stêd San Miguel de Allende.
"Dêr bin ik it eins wol mei iens", seit Wiebren (42). "It is in kleurrike koloniale stêd en hy stiet op de Unesco wrâlderfguodlist. Wy wenje midden yn it âlde sintrum, mei strjitten fan kasseien en âlde haciënda's (huzen fan in lângoed, red.)."
"It foldocht ús hiel goed. Fryslân is geweldich, mar wy wiene ta oan noch ien grut aventoer. En we sitte hjir yn de 'ivige maitiid', dat betsjut dat we altyd moai waar ha. Dat is ek net ferkeard", ljochtet Wiebren ta.
De Bergsma's ferhuzen út Eastersee wei, dêr't se de suksesfolle keunstgalery Nuweland hiene. It liket dan ek in aparte stap dy't se set ha.
Galery ferkocht nei corona
"Corona wie foar ús in tebeksetter yn ús plannen. We diene doe in soad wurk online op bygelyks ynternasjonale keunstbeurzen. Dêr lei ús ambysje en dêr binne we yn trochgien. Doe ha we de boel ferkocht."
"As je as húshâlding noch ien kear sa'n grutte stap yn je libben sette wolle, moat it as de bern noch net tefolle hechte binne."
Wigle en Jurre binne yntusken 13 en 10 jier, en prate neist Frysk en Nederlânsk ek Ingelsk en Spaansk.
Der binne noch skatten te finen dy't wy fan wearde fine. Dêr binne we nei op syk, as húshâlding op reis troch it libben.
It de wrâld oer gean sit der by de Bergsma's wol yn. Earder wennen se fiif jier yn Kaapstêd yn Súd-Afrika, mar yn 2017 kamen se wer werom nei Fryslân. En no wenje se dus yn Meksiko.
Sykje nei 'skatten'
"We ha in geweldige tiid yn Súd-Afrika hân. Sjoch, we ha it hjir op it noardlik healrûn hiel goed regele, mar dochs binne der noch in hiel soad skatten en dingen te finen yn Súd-Afrika en ek yn Súd-Amearika dy't wy fan wearde fine."
"Bygelyks op it sosjale flak. Dêr sykje we as húshâlding nei, op reis troch it libben."
Wiebren is sels berne yn Kolombia en as lytse poppe adoptearre. "Miskien dat ik dêrom altyd wol wat oerhingje nei Latynsk-Amearika."
Smoarge lucht yn miljoenestêd
It doel fan Wiebren en Anke wie om yn Meksiko-stêd in galery te begjinnen, mar dat is net slagge troch in tal praktyske saken. En de lucht yn de miljoenestêd is ek net skjin genôch foar soan Wigle dy 't longproblemen hat.
Yn San Miguel de Allende, fjouwer oeren noardliker, binne de Bergsma's no ek aktyf yn de keunstwrâld, mar wurkje se ek yn de real estate (makelerij).
Wolsto ek dyn ferhaal fertelle?
Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15:10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.
"It is in bytsje in sydstap, mar je moatte ek ynkommen ha en soargje dat je je húshâlding ûnderhâlde. Takom moanne iepenje we hjir wer in nije útstalling", fertelt Wiebren.
"De keunstners dêr't we mei wurkje binne ek dwaande om ûndersykjend troch de wrâld te gean. Wêr binne we en wêr binne we mei dwaande? En wêr wolle we hinne?"
Wiebren en Anke bliuwe foarearst wol op harren plak. "Us bern moatte stabiliteit ha, dus we bliuwe hjir de kommende tiid om hjir wat op te bouwen. Mar foar altyd? Dat wit ik net, dêr binne we wat te ûnrêstich foar haha."