Fryske famylje foar anker yn Frânsk-Polynezië: "Sjogge de fiskjes ûnder de boat swimmen"
Annemarie en Siebe Sietzema binne sûnt twa jier mei harren twa famkes op reis mei in sylboat. Se binne ta rêst kaam yn Frânsk-Polynezië yn 'e Stille Oseaan. Dêr lizze se mei de Paradiso foar anker.
In grutte stap, sa'n wrâldreis mei bern op in skip. It idee ûntstie doe't Annemarie (38) mei har man Siebe (43) in hûs socht. Dat woe net echt slagje, fertelt se.
"Doe seine we: 'Wêrom gean we net op reis?' Dat koe ek mei de boat. En foar ús twa dochters wie it doe it goede momint om op reis te gean."
Warkum
It gie oan yn april 2023. Yn 'e spielende rein setten se ôf út Warkum wei. It waar wie dramatysk en it gefoel ek in bytsje. It wie dûbeld: oan 'e iene kant bliid dat se it aventoer yn 'e mjitte giene, oan 'e oare kant in ûnwisse takomst en fertriet oer it achterlitten fan famylje en freonen.
Karibysk gebiet en Panamakanaal
Oer de Atlantyske Oseaan giet it yn ien stik troch nei it Karibysk gebiet. Trije wike allinnich mar sile en hurd wurkje. Moai wie it yn it Karibysk gebiet. Dat wisten blykber mear minsken, want it wie dêr drok mei sylboaten.
Mear rêst soene se fine kinne yn de Stille Oseaan. Om dêr te kommen, moasten se troch it Panamakanaal.
No lizze se al wer in skoftsje foar anker by it atol Tahanea yn Frânsk-Polynezië. Ien fan 'e hichtepunten fan 'e reis, fynt Annemarie.
Nei twa jier binne we yn it tropyske paradys oankaam.
"De Europeeske kust fûnen we al geweldich, it Karibysk gebiet ek. En doe kamen Panama en de Stille Oseaan. Nei twa jier binne we yn it tropyske paradys oankaam."
De see is helder blaugrien. "We sjogge de fiskjes ûnder de boat swimmen, út en troch swimme walfisken foarby en foar de boat sjogge we de palmbeammen op 'e kust stean."
It earste jier oan board wie pittich, sa sûnder lúkse en gemak fan in hûs. Lykwols, it positive gefoel krige al gau de oerhân.
"De wrâld om dy hinne is sa grut. Sa'n reis is in goede kombinaasje fan frijheid, aventoer en dochs ek wol ûngemak. Ast op moaie plakken oankaam bist, bist dat ûngemak gau fergetten."
Nei twa jier sit de rêst der goed yn. Se lizze foar anker yn 'e baai fan it atol. Nei it moarnsbrochje lesjaan en wurkje.
Annemarie wurket as online-consultant yn de suvelsektor. Siebe is op ôfstân belutsen by syn eigen bedriuw Sietzema Technyk op 'e Gordyk.
Fierders hat Annemarie in online-kursus ûntwikkele, Reizen met Zeilen, foar minsken dy't ek mei in sylboat de wrâld oer wolle.
Charlotte (11) en Marjolein (9) binne net learplichtich om't de famylje útskreaun is út Nederlân. Wat wol in plicht is, is bern goed tariede op de takomst.
"Elke moarn dogge we twa oeren. Guon dingen lizze we út, want rekkenjen silst dochs wol in bytsje útlizze moatte. Se krije Nederlânsk en oare talen. Ingelsk prate se al floeiend. En we binne dwaande mei Frânsk (yn Frânsk-Polynezië is dat njonken Tahityaansk de offisjele taal, red.)."
It fielt as in dream. "Wy sizze wolris tsjininoar: Knyp my efkes Is dit wol echt?"
Fansels hawwe se ek wolris harren nocht faninoar. Of is der in lytse strideraasje. Dat moatst útprate, seit Annemarie. It feit dat se minsken ûnderweis treffe dy't itselde meimeitsje, helpt ek. As dy yn 'e buert binne, kinst der efkes út en mei in oar prate.
Sokke ôflieding is goed. "Dan besefst: wêr giet dit eins oer? Sjochst om dy hinne en tinkst: alles is relatyf. Wy dogge dit dochs wol moai efkes."
Wolst do ek dyn ferhaal fertelle?
Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15:10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelle Friezen om utens wat sy allegearre meimeitsje. De ferhalen kinst op de snein dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. Hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.
Hoelang't se fuort bliuwe, wit Annemarie net. "Salang't we driuwen bliuwe. We moatte net op in walfisk farre."
Gefaar is der altyd. Fan stoarmen en fan sykte, ek fan famyljeleden. Fierders moat it ek kinne om it wurk.
Fryslân misse se wol. Famylje, freonen, en al it moais dêr. Oan 'e oare kant binne se bliid dat se dit belibje meie.
Nij-Seelân
In eindoel is der net echt. Se hoopje takom jier yn Nij-Seelân oan te kommen en sjogge dêrnei wol fierder.
Silers moatte altyd yn it waar sjen. Komt der stoarm? Leit it skip goed as se foar anker lizze? Alles stiet of falt mei it waar. De Sietzema's moatte no beskutting sykje foar de sykloanen.
Se binne te folgjen op Instagram.