Omrop Fryslân

"Ik hie in kertier om my om te klaaien": Kees moast ynfalle yn haadrol Dútske musical

Kees Nieboer yn 'e Dútske ferzje fan 'e musical Frozen
© Priveekolleksje Kees Nieboer
Hy waard foar it blok set doe't er middenyn in foarstelling samar ynienen ynfalle moast. Adrenaline sleepte him dertrochhinne. Kees Nieboer fan 'e Gaastmar spilet yn de Dútske ferzje fan 'e musical Frozen, Die Eiskönigin.
De 26-jierrige Kees komt út in muzikaal laach. Syn pake is de Fryske tekstskriuwer, komponist en muzikant Hindrik van der Meer. Guon Friezen sille dy namme miskien noch wol kenne fan 'e ferskes dy't er mei syn bern op sang en ynstruminten útfierde.

Stúdzje

Kees hat musicalteäter en muzykteäter studearre yn Tilburg. In bachelor en in master helle er dêr. Dêr wie ek bekend dat yn Dútslân in soad musicalwurk te finen wie. Mei musicals hie er al ûnderfining opdien troch syn staazjes by The sound of music en De mol en de paradijsvogel.
Dútsk hie er op 'e middelbere skoalle hân. Mei in eventuele baan yn Dútslân yn 'e achterholle die er syn bêst om syn útspraak fan it Dútsk te ferbetterjen. "Doe kaam dy audysje. Dy haw ik dien en ik haw de rol krigen."

Die Eiskönigin

No wennet de Gaastmarder yn Stuttgart en wurket er by de Dútske musical nei de Amerikaanske Disneyfilm Frozen. Hy hat wat in dûbelde funksje.
Kees as Prinz Hans
© Priveefoto
"Normaal stean ik yn it ensemble. Dat binne de minsken sûnder in haadrol dy't de gasten by de kroaning fan Elsa of it folk spylje. En dan bin ik ek noch understudy (ynfaller, red.) fan Prinz Hans."
Se spylje it stik acht kear yn de wike, wêrfan twa kear oerdeis. Kees dielt de ynfallerrol mei in kollega. As de haadrolspiler fakânsje hat, dan wit er wannear't er de rol fan Hans oernimme moat. It kin ek wêze dat ien siik wurdt en dan heart er it pas om 11 oere moarns.
Ik hie in kertier om my om te klaaien.
Kees moast middenyn it stik ynfalle
Hy hat Hans sechstich en in heal kear spile. Dy heale kear komt omdat de akteur dy't altyd Hans spilet, healwei de foarstelling útfoel troch in blessuere. Hy wie fallen. Nei it skoft moast Kees it oernimme, wylst er foar it skoft ek al mei it ensemble meispile hie.
"Ik hie in kertier om my om te klaaien, in oare prûk op te setten en der dan foar te gean. Der kaam in soad adrenaline oan te pas, mar it is goed gien."
"Normaal wit ik moarns al dat ik opgean foar Hans. Dan kin ik de tiid nimme om de teksten troch te nimmen. It is dochs Dútsk en dat moat fatsoenlik dyn strôt út komme."
Kees op in castingfoto
© Priveefoto Kees Nieboer
As er kieze moat tusken it ensemble - de grutte, mear anonime groep spilers - en Hans, dan kiest er foar dy lêste. Want dat is in rol mei in geheim. Mei twa ferskillende kanten: in aardige en in gemiene kant. Hoe leaver ast Prinz Hans yn it begjin spilest, hoe grutter de reaksje by it publyk, as se sjogge datst in minnenien bist.
Bûten it teäter wurdt Kees der net op oansprutsen dat er gemien wie. "No ja, sa no en dan troch in berntsje. Mar dat heart derby. Dan hast it goed dien."
Kees yn 'e rol fan Prinz Hans
© Priveefoto Kees Nieboer
It Dútske aventoer mei dizze musical hâldt foar Kees febrewaris takom jier op. Wat er dêrnei dwaan sil, wit er noch net. Der binne in soad audysjes en dy begjinne eins no pas.
In echte foarkar hat er net: "Elk ferhaal en elke musical hat syn sjarme. Ek mei de minsken dy't der binne, kin elke foarstelling spesjaal wêze. Ik haw noch net echt in dreamshow op it each. Ik stean iepen foar ferskillende dingen."
Stuttgart út Kees syn hûs wei fotografearre
© Priveefoto Kees Nieboer
Foarearst yn Dútslân bliuwe of werom nei Nederlân? "It hat allebeide wol wat", seit Kees "Dochs bliuw ik leaver noch efkes yn Dútslân."
En hoe sit it mei De Gaastmar? Hellet it doarp it net by Stuttgart, of is it krekt folle better? "It binne twa hiel ferskillende plakken. Mar De Gaastmar sit foar altyd yn myn hert. Dêr bin ik berne."

Wolsto dyn ferhaal ek fertelle?

Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15.10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.