Omrop Fryslân

Feedokter Elske (36) libbet as James Herriot yn Ingelân

Elske Put
© Priveefoto
It wie jierrenlang in populêre telefyzjesearje: 'All Creatures Great and Small'. Sjoggers genoaten fan de aventoeren fan feedokter James Herriot op it Ingelske plattelân yn de tritiger jierren fan de foarige iuw.
Foar Elske Put (36) fan De Jouwer is dat libben de werklikheid. Se wurket al tsien jier as bistedokter yn Ingelân. Dat docht sy yn in mingde praktyk yn it plakje Winkleigh yn de streek Devon.
Elske Put mei har hûnen te hurdrinnen yn Dartmoor Nasjonaal Park
© Priveefoto
Nei't Elske har stúdzje diergenêskunde yn Antwerpen en Gent klear hie, wurke se earst in skoft yn in klinyk yn Wolvegea. Mar om't se wat oars woe en omdat it hjir dreech wie wurk te finen, rjochte se har fizier op it bûtenlân.
Yn 2015 koe sy yn Ingelân earst in tydlike baan krije. Mar it foldie goed en no is Put mei-eigener fan it bedriuw.
"Myn wurk liket yndied wol wat op dat fan James Herriot. Wy behannelje allerhande bisten. Ik kom op grutte melkfeebedriuwen mei hûnderten kij, mar ek by lytse boeren mei 5 of 10 kij of skiep. En dan moat ik ek wolris nei de hûn fan de boer sjen."
"We ha in mingde praktyk, dat wol sizze foar lânbouhúsdieren en ek foar selskipsbisten." Elske is foaral spesjalisearre yn buorkerijbisten, mar as kollega's nimme se ek maklik wurk fan inoar oer.
Een gewond kalf wordt bij de praktijk gebracht
© Privéfoto
De omjouwing yn Devon is heuveleftich en der steane in soad hagen om de lannen hinne.
"Ik sit hiel faak yn 'e auto, om it doarp hinne binne oeral pleatsen. Soms sitst frij heech en dan kinst fier sjen, dat fyn ik moai."

Gjin frij útsjoch

Sa no en dan mist se wol it romme, frije útsjoch dat se wend wie yn Fryslân. "En dat je oeral op de fyts samar hinne kinne."
Yn Winkleigh binne wol wat foarsjennings, lykas in slachter. "Mar ast wat wolst lykas út iten of nei in bioskoop, dan moatst dat wol echt planne. Dan bist al gau 25 minuten mei de auto ûnderweis."
De minsken hjir binne al fergetten dat ik Nederlânske bin.
Elske Put
Elske is in soad bûten yn de natuer. Se hâldt fan hiken, kuierje troch rûch terrein. Se hat de trije heechste bergen fan Ingelân, Skotlân en Wales al betwongen, de saneamde Three Peaks: Scafell Pike, Ben Nevis en Snowdon.
Mei har twa hûnen, Cocker Spaniëls Erik en Mae, rint Elske graach troch Nasjonaal Park Dartmoor.
Elske beklimt de berch Snowdon yn Wales.
© Priveefoto
Se is hielendal ynboargere. Troch har Frysk hinne klinkt in licht Ingelsk aksint. "Se binne al fergetten dat ik Nederlânske bin. Utsein bygelyks mei de Brexit, dan ha we it der noch wolris oer dat ik út it bûtenlân kom", laket Elske.

Fazantejacht

In tradysje yn har omjouwing dy't se har eigen makke hat, is de fazantejacht. De hûnen fan Elske binne oarspronklik fokt foar de jacht. "Se ha leard hoe't se de fazanten fine en opfleane litte moatte."
Cocker Spaniëls Erik en Mae binne wurkhûnen
© Priveefoto
De fûgels wurde yn grutte oantallen fokt yn saneamde pens, mânske omsluten terreinen dêr't se wol út fleane kinne. Mar omdat de fazanten dêr ek fuorre wurde, bliuwe se deryn.
Yn oktober, as it seizoen begjint, giet Elske mei in groep op jacht nei de fazanten, holpen troch de hûnen. De sketten eksimplaren wurde nei de lokale slachter of pub brocht, om dêr neffens tradysje mei-inoar op te iten.

Neat giet fuort

De fazantejacht liket wat tsjinstridich foar in bistedokter, Elske sjocht dat oars. "Se ha harren hiele libben frij libbe yn de bosk, en alles wurdt brûkt, der wurdt neat fuortgoaid."
"Minsken moatte ite. No witst wêr't it bist weikomt en hoe't it libbe hat. Dat is better as datst neat fan de komôf wist."
Famylje út Fryslân op besite om de fazantejacht mei te meitsjen
© Priveefoto
Twa kear yn 't jier komt Elske werom yn Fryslân, even thús en by freonen sjen. "Mar se komme ek wol by my op besite, en heit en mem en myn broerkes en in pear muoikes ek."

Net werom

Definityf werom nei Fryslân wol de Jouster net. "Ik ha in hûs kocht, bin mei-eigener en ik ha dy hûnen. Hast yn Fryslân ek gjin fazantejacht en kinst net samar by in berch op kuierje!"
Winkleigh past Elske hielendal: "De natuer, de omjouwing en de wize fan libjen is dêr wat rêstiger, miskien wol wat âlderwetsker."

Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?

Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.