Omrop Fryslân

Jan (63) wennet off-grid yn Frankryk: "Nachts is it echt donker"

Jan Feenstra
© Eigen foto
Nei jierrenlang foar Jeugdzorg jongerein opfongen te hawwen yn Frankryk hat Makkumer Jan Feenstra (63) in sabbatical opnaam. Hy is ferhuze en wennet tsjintwurdich selsfoarsjennend.
Dat off grid-wenjen docht er sûnt maart mei syn partner Janine op it terrein fan in âld militêr fort by de rivier de Maas, yn it noardeasten fan Frankryk. Feenstra wie wol ta oan in jier dertusken út.
Jan Feenstra mei syn partner Janine
© Eigen foto
Hjirfoar wennen se op in pleatske yn de Vogezen. Dêr fong er foar Jeugdzorg Nederlân jongerein op. "By ús krigen dy in lêste kâns", leit Feenstra út. Hielendal opnij begjinne, werom nei de natuer, gjin mobile telefoan, mar wol dúdlike regels.
Mei de jongeren giene se de bosken yn, makken se kuiertochten en wurken se yn it hout. Guon jongeren wiene jierrenlang by harren.
Ik wie op. No't wy dochs hjirhinne gean te wenjen, dogge we it in jier rêstich oan.
Feenstra besleat nei hast fyftjin jier in jier frij te nimmen
Sân dagen yn 'e wike, 24 oeren deis klear stean. Dêrfoar die er itselde wurk yn Nederlân. Nei fjirtjin jier sûnder fakânsje wie it ho: "Ik wie gewoan op. Ik tocht: no't wy dochs hjirhinne gean te wenjen, dogge we it in jier rêstich oan."
Letter wolle se it wurk wer oppakke, mar dan mei jongeren dy't minder lang bliuwe.
Fort De Pagny
© Eigen foto
It doarpke La Blanche Côte dêr't Jan en Janine flakby wenje, leit yn it departemint La Meuse (de Maas) op in lytse acht oeren riden fan Ljouwert.
It terrein fan it eardere militêre fort De Pagny is 5 hektare grut. It fort waard boud yn 1880. Dejingen dy't dêr sieten, koene harsels trije moanne lang rêde. Dêr wie it fort op boud.
Selsfoarsjennend wenje op it terrein fan in âld militêr fort
© Eigen foto
Safolle mooglik sels soargje foar stroom, wetter en iten, dat moatte Jan en Janine no. Op it terrein binne in pear âlde wetterboarnen, dêr't se it wetter, nei it suvere te hawwen, fan brûke kinne. Fierders hawwe se in sinnepaniel om de telefoan op te laden, en is der in grientetún.
De stilte is echt in pluspunt, fynt Jan. "Der ride hjir gjin auto's foar de doar del. We sitte boppe-op in heuvel, mei frij útsjoch oer de Maasfallei. We hawwe gjin strjitferljochting, dus nachts is it echt donker, mei in prachtige stjerrehimel."
Wolkeloften boppe de Maasfallei
© Eigen foto
Se wenje yn in âlde reisbus mei in sêre/feranda deroan fêst boud. Winterdeis as it kâld is, kinne se opwaarmje yn harren eigen wengelegenheid yn it fort. "We hawwe de lúkse dat we op twa plakken wenje kinne."

It waar oankommen sjen

"Foarhinne koe ik op 'e seedyk by Makkum oer de Iselmar it waar oankommen sjen. Dat miste ik yn 'e Vogezen. Hjir kin dat wol wer, oer de Maasfallei."

Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?

Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.
Twa kear yn it jier giet Feenstra werom nei Nederlân. Foar syn famylje en syn twa soannen yn Grins.
Fansels mist er Fryslân. De Iselmar en Makkum, mar it measte noch de seedyk, it wetter en it silen.
Dêr't er no wennet is wol wetter. Mar sile yn de Maasfallei? Nee, slagget net, laket er. Kinst dêr heechút mountainbike.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.