Man, dochterke en eigen pleats: staazje yn Switserlân feroare libben fan Elsemieke út Koudum
It begûn mei in staazje as fysioterapeut yn Switserlân. Yntusken jout Elsemieke Stokman (29) fan Koudum lieding oan meardere praktiken én krige se koartlyn dochterke Leny, "Ja, ik ha hjir in moai libben."
Foar de rubryk Fryske Flagge fertelde Elsemieke yn 2021 oer har libben yn Switserlân. It lân dêr't se yn 2016 hinne fleach foar har staazje.
Dat beslút soe foar in flinke ôfslach yn har libben soargje. No, fjouwer jier fierder, dielt se by in kuier yn 'e Switserske bergen hoe't it har dêr fergiet.
Flirte by it iishockey
De grutste feroaring fan de ôfrûne jierren leit thús yn har ledikant: dochterke Leny. Fan wa't Elsemieke koartlyn befallen is. De heit is in Switser, en hat se kennen leard yn har tiid by gastâlders.
De Koudumse rûn dêr doe staazje foar har stúdzje Fysiotherapie. "In neef fan dy minsken kaam geregeld del en gie mei as we bygelyks nei it iishockey giene."
As se dy kennen leare, wurde se iepen en waarm. Eins lykas de Friezen.
Der begûn wat te bloeien tusken de twa. Mar de ferplichtingen yn Nederlân hâlden in relaasje tsjin. "Boppedat wie ik noch mar tweintich."
Elsemieke gie oan it wurk yn Grins en pakte wat letter har fyts út it hok: yn trije moannen tiid makke se in tocht fan Noard- nei Súd-Nij-Seelân.
Underwilens bleaune Switserlân en de leafde troch har holle spûkjen. Se besleat om him foar in wykein op te sykjen. Dêrnei groeide it idee om definityf har koffers te pakken. Yn 2018 ried se mei in folladen auto nei de bergen.
Tsien melkkij
De twa bleaune tegearre en foarich jier lyn lutsen se yn de pleats fan syn âlden yn Unterramsern. Se ferbouwe mais en ierappels en ûnderhâlde der tsien melkkij. Dêrneist hat se har wurk.
Neidat se yn 2022 har master ôfrûne hie, gie se oan de slach by in praktyk dy't se sels opsette. "Dêr wurkje yntusken fjouwer minsken. Koartlyn bin ik liedingjaande wurden fan seis praktiken yn twa provinsjes", fertelt se. "Ja, ik ha hjir in moai libben."
Yn harren doarpke wenje sa'n twahûndert minsken. Der hinget in sosjale sfear en yn harren strjitte ha se de nedige freonen.
"Hoe't kontakt mei de Switsers is? As se dy better kennen leare, wurde se iepen en waarm. Eins lykas de Friezen."
Besite fan heit en mem
Yn har frije tiid kuieret en fytst Elsemieke geregeld troch it Switserske lânskip. En ien kear yn de pear moannen komme har âlden en bruorren oer de flier.
Hielendal mei de komst fan Leny sil dat gelokkich fêst net minder wurde, ferwachtet Elsemieke.