Omrop Fryslân

Mare liedt mei troch 'Wie is de Mol?' in maklik libbentsje yn Albanië

Mare in pear jier lyn yn Albanië
© Omrop Fryslân
Troch de ferhier fan har appartemint yn Albanië liedt Mare Pleket fan De Lemmer in brún libben. Stress hâldt se op ôfstân.
Dêr kinne se harren wol yn fine, yn Saranda. "Ze verschuiven hier alles het liefst naar morgen."
By in tripke yn Italië rûn Mare Pleket har leafde tsjin it liif. Mar hoe moast dy takomst derútsjen, mei dizze toskedokter út Albanië?

Al sân jier yn Saranda

Nei in perioade fan skriuwen besleat se om har koffers te pakken. Op nei de Balkan.
Dat is yntusken sân jier lyn. Fjouwer jier werom fertelde se har ferhaal yn de rubryk Fryske Flagge. Hoe fergiet it Mare no?
Goed, sa docht al gau bliken. Se is noch hieltyd mei de toskedokter en wennet yn itselde appartemint yn Saranda. In ferskil is wol dat se dêr minder faak te finen is.
Het is een lui leventje. Maar de tijd vliegt nog steeds.
Mare Pleket is bliid mei har libben yn Saranda
Earder fertelde se al dat se dat simmerdeis ferhierde. Dan gie se nei it appartemint fan har freon.
"Tegenwoordig zijn we daar meestal van april tot eind oktober."

Wie is de Mol?

Wêrom dy feroaring?
"Omdat het nu kan. De laatste jaren komen er veel meer toeristen naar Albanië. Ook Nederlanders trouwens. Dat is vooral vanwege 'Wie is de Mol?', in 2022."
Jildsoargen hat se sadwaande net. En dat jout har in soad frijheid. "Zo nu en dan ga ik naar het strand of ergens een kopje koffie doen. Het is een lui leventje. Maar de tijd vliegt nog steeds."
'Waarom iets vandaag doen, als het morgen kan?' zeggen ze hier.
Mare Pleket oer de Albaneeske mentaliteit
Har kalme tempo past prima by dat fan de Albanezen; dy dogge it faak rêstich oan.
"'Waarom iets vandaag doen, als het morgen kan?' zeggen ze hier. Terwijl Nederlanders juist andersom denken."
Ek organisaasje en planning hearre net ta de spesjaliteiten fan it Balkanlân, neffens Mare. Se skodhollet geregeld.
"Dan willen ze bijvoorbeeld morgen afspreken. Maar een tijd noemen ze niet. Dan bellen ze de dag erop weer, en dan heeft een van twee ondertussen al een andere afspraak, haha."
Eins is der mar ien ding dêr't se hiel fluch mei binne, fertelt de Friezinne: begrave. "Dat is altijd een dag na het overlijden."

Mear betelje as bûtenlanner

Nettsjinsteande dat Mare de taal net goed praat, fielt se har senang yn Albanië.
"Je leert je weg steeds beter kennen. En als ik iets wil regelen kan ik altijd een beroep op m'n vriend doen."
En dat skeelt somtiden flink wat jild, fertelt se. "Hij regelt iemand als we bijvoorbeeld waterproblemen hebben. Want als ik als buitenlander bel, moet ik de hoofdprijs betalen."
Je hoeft hier maar even verloren uit je ogen te kijken en mensen schieten je te hulp.
Mare Pleket
Fierder wol Mare graach it byld fan Albanezen korrizjearje.
"Een geïsoleerd land, met rovers, hoor je velen zeggen. Gelukkig zien toeristen nu dat dit niet klopt. Je hoeft hier maar even verloren uit je ogen te kijken en mensen schieten je te hulp."
Mare komt sporadysk werom nei Fryslân. "Als ik er ben, voelt het meteen vertrouwd. Maar missen doe ik het niet. De laatste dagen wil ik ook altijd weer graag naar huis. En dat is hier, in Albanië."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.