Omrop Fryslân

Fan Hearrenfean nei New York: Serne (22) sparre foar staazje yn Amearika

(...)
© Priveefoto
Serne Dijkstra fan It Hearrenfean is al fan jongs ôf oan gek fan Amearika. Sa gek dat de 22-jierrige hbo'er sels in staazje regele hat yn New York. Nei ôfrin is er op reis gien yn it grutte lân. Mei syn heit en mem dy't dêr spesjaal foar oerkaam binne nei de States.
Nee, New York is net goedkeap. Foar syn keammerke yn Brooklyn moat er alle moannen 1500 dollar deltelle. Om syn ferbliuw yn Amearika betelje te kinnen, hat er yn it foar yn Nederlân in soad wurke om jild sparje te kinnen.

Manhattan

Hy neamt it in geweldige ûnderfining. Mei de metro reizge er fan Brooklyn nei syn staazjeplak yn Manhattan. Altyd drok en in soad te sjen. Dêr moatst fan hâlde. Mar de minsken binne freonlik en sosjaal. Hast samar in praatsje mei ien.
Fytse troch Central Park mei de famylje
© Eigen foto
No't syn hbo-einstaazje nei likernôch in heal jier dien is, makket er fan de gelegenheid gebrûk om noch mear fan it lân te sjen. Earder wie er al yn Washington, Boston en Miami. Hy is no op reis mei syn famylje. Sa hawwe se ûnder oare te fytsen west yn Central Park yn New York.
"We zijn begonnen bij de Niagara Falls. Daarna zijn we naar de Finger Lakes gegaan en de White Mountains. Nu zijn we op Cape Cod."
Mei de famylje by de wetterfallen fan Niagara
© Eigen foto
"We zien veel natuur. Heel wat anders wat ik gewend was in New York. Het bedrijf waar ik stage liep, was één huizenblok van Times Square verwijderd. In Brooklyn waar ik woonde, valt het overdag wel mee met de drukte. Maar waar ik werkte, in hartje Manhattan, is het altijd druk."
Hy rûn staazje by in argyfferneatigingsbedriuw. Foar bedriuwen en minsken dy't ferhúzje, ferneatigje se dokuminten en hurde skiven. Mar ek wol klean, fertelt Serne.
Mei syn staazjebegelieder en de George Washington-brêge op 'e achtergrûn
© Eigen foto
De ôfdieling marketing en sales wie syn plak. Hy moast derfoar soargje dat it bedriuw der online goed foar stie. Nije klanten sykje wie ek syn taak. Dêrfoar stelde er listen gear fan gebouwen en bedriuwen dy't dêryn sieten, dy't se benaderje koene.
It kontakt mei syn baas en staazjebegelieder wie goed. In 8,5 krige Serne foar syn staazje en dêrmei is er klear mei de hbo-oplieding ûndernimmerskip en retailmanagement oan de Hanze Hegeskoalle yn Grins.
Foar it Capitool yn Washington mei twa Nederlânske freonen dy't er dêr troffen hat
© Eigen foto
De measte studinten sykje in staazje tichter by hûs, mar Serne hat altyd in fassinaasje foar Amearika hân. Trije jier ferlyn wie er op fakânsje yn it lân. Hy wie sa entûsjast dat er dêrhinne woe. En hy regele it sels.
Formuliertje ingevuld en twee dagen later had ik een intakegesprek
Serne regele sels syn staazje
"Ik heb me heel simpel aangemeld bij een website. Formuliertje ingevuld en twee dagen later had ik een intakegesprek online. Zo is het balletje gaan rollen. Dan moet je nog een visum regelen. Het bemiddelingsbedrijf heeft me geholpen met het vinden van een stageplaats. Het is eigenlijk heel soepel verlopen."
Yn it stadion fan de New York Yankees
© Eigen foto
Fan It Hearrenfean nei New York moat wol in kultuerskok wêze. Dat is in ding dat wis is, jout Serne ta. Hy wist wat er ferwachtsje koe, want hy hie der alris earder west. Mar dêr wenje is hiel wat oars. It hat him goed foldien, dat wol.

Trump

Sels fernimt er der nei eigen sizzen net folle fan dat presidint Trump no wer oan de macht is. Om him hinne yn New York hearde er wol negative dingen oer Trump. Eins kin dy neat goed dwaan, sa wurdt oer it generaal tocht. Mar New York is dan ek in stêd dêr't de demokraten yn de mearderheid binne en dy binne anty-Trump.
Serne foar de ferneamde biblioteek, de New York Public Library
© Eigen foto
It belied fan Trump hat wol syn útwurking op Serne syn staazjeplak. Hy wie wat dat oanbelanget krekt op 'e tiid.
Der binne gjin opfolgers kaam út Nederlân, en dat wylst syn staazjebegelieder graach stazjêrs út Nederlân hat en dêr ek mear fan hân hat. Tsjintwurdich komme der minder oanmeldings foar Amearika, dus minder minsken wolle dêrhinne. En fierders it is boppedat folle dreger wurden om in fisum te krijen.
Ein july komt Serne werom. "Ik ga eerst terug naar Fryslân. Qua baan in Amerika sluit ik niets uit. Ik blijf niet bij dit bedrijf, maar wie weet ga ik ooit nog eens terug."

Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?

Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.